Kollum Aant Mulder: It komt op ’e kop ferkeard

logo.ensafh

As âld-ûnderwiisman en as pake deart it my oan dat de skoallen wer langer tichtbliuwe en dat it net dúdlik is wannear’t se wer iepengeane. De iene maatregel jaget de oare. De hiele ôfskoatteling duorret al fan 16 desimber ôf. Hoewol’t earst 18 jannewaris as eindatum neamd waard, is dat op dit stuit al wer trochskood oan 9 febrewaris ta. Dat jjildt no ek foar de skoallen. Dat de bern sitte wer wiken thús en dat is al foar de twadde kear sa. Nei skoalle ta is no werombrocht ta in ynternetferbining en digitale helpmiddels. Programma’s as Junior Einstein slane foar master op!… Lês fierder

Kollum Willem Schoorstra: Echte helden

logo.ensafh

In protte muzikanten hâlde op ’t heden lockdownsessys. Op ôfstân mei-inoar muzyk meitsje. Sammy Hagar, bekend fan Montrose en Van Halen, is dêr mei syn band The Circle ien fan. It lêste nûmer dêr’t se in cover fan diene, wie Heroes fan David Bowie. Se hiene der foar de gelegenheid in fideo by makke, mei bylden fan gewoane minsken dy’t yn krisissituaasjes heldhaftich hannelje.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Dichter fan Fryslân op ‘Poetry on Impact’

logo.ensafh

Tidens de wike fan de poëzij, op lanlike Gedichtedei, tongersdei 28 jannewaris, bringt Poetry International alle dagen oanslutend op it nijs fan acht oere ‘Poetry on Impact’. In online flits poëzij oer saken dy’t der ek ta dogge. Mei dichters as de Dichter des Vaderlands, Tsead Bruinja, poëzijgeskinkskriuwers Rodaan al Galidi en Maud Vanhauwaert, plattelânsdichter Paul Demets, poëzij-gûrû Ellen Deckwitz, én Dichter fan Fryslân, Nyk de Vries.

Lês fierder by Dichter fan FryslânLês fierder

Blog Daam de Vries: Se binne te kuierjen

logo.ensafh

2021 ferrint oan no ta sa moai as wat. It iene hichtepunt jaget it oare, sis mar. Hjoed is it fansels wol blue monday, dat is efkes in dipke, mar ien dei yn it jier moat soks kinne.

Freed hat it kabinet de kuierlatten nommen. Yn de measte kranten stiet dat it fallen is mar dat is net sa. Se binne opstapt om’t se benaud wiene dat se falle soene. Se koersten nammentlik streekrjocht op in tribunaal ôf en doe’t se dat bespeurden ha se gau besletten efkes in blokje om te gean. Dat is steatsrjochtlik net hielendal yn ‘e es mar dat kin ek net oft jo net witte wat rjocht is.… Lês fierder