Blog Hanneke de Jong: Earste reaksjes op It Ferbeane Boek

logo.ensafh

As der in nij boek yn ’e winkel leit, ha ik it leafst de oare deis reaksjes. Mar sa wurket dat fansels net, dêr moatst op wachtsje en dat duorret lang! Lit stean ast hopest op in stikje yn in krante of in blêd. Want resinsjes oer in berneboek, hielendal yn it Frysk, hoechst amper mear te ferwachtsjen. Sels yn it Nederlânsk is dat hurd achterút buorke en dat is spitich, want in besprek kin minsken, heiten, memmen, pakes en beppes nochris op in idee bringe. It Friesch Dagblad is de positive útsûndering, Toin Duijx mei alle sneonen in side folskriuwe oer berneboeken!… Lês fierder

Jelma Knol

Besprek: Wy strûpe derûnder! fan Gjalt de Groot

logo.ensafh

Mei Wy strûpe derûnder! hat de boer en fjildman Gjalt de Groot in alderaardichst boek skreaun oer it buorkjen en fiskjen yn âlde tiden. It earste part, Jeen en Anne, beskriuwt yn romanfoarm it hurde en somtiden aventoerlike libben fan it jonge pear foardat it op 12 maaie 1919 op de Koaipleats yn de Alde Feanen telâne kaam. It twadde part bestiet út losse ferhalen oer de bewenners fan de Alde Feanen, de famyljes dy’t buorken op Cuba. Op ’e Koaipleats, Luctor et Emergo en Laban, yn de perioade nei de Earste Wrâldkriich, mar ek letter. Sytze en Maaike, dy’t lanlike bekendheid krigen troch de kranteferhalen fan dûmny De Stoppelaar, binne net oerslein.… Lês fierder

Teleks: Europeeske Kommisje wol gjin nije wetten om minderheidstalen te beskermjen

logo.ensafh

De Europeeske Kommisje makket gjin wurk fan it Minority SafePack, it boargerinisjatyf om lytsere talen lykas it Frysk better te beskermjen. It inisjatyf waard ûndertekene troch mear as in miljoen Europeanen, ûnder wa in soad Friezen. “It is spitich dat dit beslút net naam wurdt troch keazen folksfertsjintwurdigers, mar troch burokraten dy’t ús al fan it begjin ôf tsjinwurkje”, sizze de inisjatyfnimmers.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Yn-it-sin-bringer Grutte Gedichtejûn 2021

logo.ensafh

Bêste dichter/poëzyleafhawwer! Noch in wike de tiid!

Ut namme fan ‘e redaksje fan Ensafh winskje ik jo alderearst alle goeds ta foar 2021.

Dat sein hawwende soe ik jo graach de Grutte Gedichtejûn yn it sin bringe wolle. Dy jûn is ditkear digitaal, dat wy freegje jo om in filmke op te stjoeren.

Sjoch dêrfoar it ûndersteande berjocht of besjoch it filmke fia dizze keppeling: https://www.ensafh.nl/?p=60541

Frysk literêr tydskrift Ensafh organisearret wer syn jierlikse Grutte Gedichtejûn. It is lykwols ditkear gjin poëzymaraton yn in smûk kafee, it barren sil folslein digitaal wêze en giet freedtejûn 5 febrewaris om 19:30 oere yn premjêre.… Lês fierder

Blog Lomme Schokker: Wat it each fan de skôger sjocht

logo.ensafh

In frou yn myn libben is ien fan dy nijsgjirrige minsken dy’t alles wat bysûnder is neier beskôgje moat. Sy kin in prachtige beam net foarby rinne sûnder in foto te nimmen, sy wiist my mei myn beheind kleurûnderskiedingsfermogen op it ferskaat oan ljochttinten troch de ûndergeande sinne; sy wol op har fiif en santichste de wrâld bereizgje en foaral frjemde eksoatyske plakken opsykje, it leafst allinne.

Lês fierder by Lomme SchokkerLês fierder

Besprek ‘Quist’ fan Koos Tiemersma

logo.ensafh

It Fryske boek ‘Quist’ (2020) is skreaun troch Koos Tiemersma (1952), in populêr skriuwer fan Frysktalige lieten en fan in oantal romans. Dit is syn tsiende roman.
Op it boekomslach sjogge wy it byld ‘Wurge Feniks’, makke troch de Drachtster keunstner Jan Ketelaar.
It boek is sawol op papier as digitaal yn it Frysk ferskynt, wylst der ek in Nederlânsktalige ferzje as e-boek beskikber is.

Lês fierder by besprekker Wiep KoehoornLês fierder