Blog Jaap Slager: Utslute of as gelikens bejegenje?

logo.ensafh

Myn stikje fan 15 july lêstlyn liet ik al yn skine dat de dynamyk yn ynterminsklike relaasjes my wakker yn ’e besnijing hâldt. It ôfrûne jier waard ik tige bedoarn mei twa(!) searjes Big Brother.

Wat wurdt men dêr no wizer fan en wat kin men dêrmei?
No, dat sil ik jimme mei houtskoal en kryt úttekenje. Doch de riem mar om!

Wat my alle kearen wer opfalt, is dat de ‘underdog’ de sympaty fan de sjuggers hat. Moat de ‘underdog’ dêr wat foar dwaan? Oars sein, moat er him op in beskate manear hâlde en drage? No, nee! Hy hoecht inkeld mar ‘underdog’ te wêzen.… Lês fierder

Blog Lomme Schokker: It bestjoer fan it lân

logo.ensafh

It mei dan sa wêze dat it bestjoer fan in lân jo neat oangiet’, sei de twitterpresidint yn de earste moanne fan syn rezjym tsjin de jongfeint dy’t dei út dei yn op ien fan syn golfterreinen as greenkeeper dwaande wie, ‘mar dochs soe ik jo freegje wolle hoe’t dit machtige lân bestjoerd wurde moat.’ Earst woe de jonge net antwurdzje, mar doe’t de twitterpresidint syn fraach werhelle, sei er: ‘Wêryn soe it bestjoer fan in lân ferskille fan de soarch foar in golfterrein? Helje gewoan alles fuort wat yn ’e wei leit of wat it grûngebiet skea docht.’ Doe bûge de twitterpresidint ien, twa kear de holle oant op ’e grûn, rôp de jonge út ta de bêste twittertsjoender fan it lân, en loek him werom as kluzener yn ’e mistige bergen.Lês fierder

Henk Wolf: In útstel foar in fruchtberder publyk debat

logo.ensafh

W.F. Hermans syn Mandarijnen op zwavelzuur haw ik lang lyn mei wille lêzen, krekt as syn boek Onder professoren. It fileine fan de tûke, selsstannich tinkende man hie wat ferfrissends. Boppedat wie it goed skreaun en faak grappich. Fan de ‘grote drie’ wie Hermans myn favoryt.

Wilens is it lang lyn dat ik wat fan him lêzen ha en ik freegje my ôf oft ik der no noch aardichheid oan ha soe.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Teleks: Befrijing yn de Fryske literatuer ‘Douwe Kiestra en de Fryske skuld’

logo.ensafh

De earste bydrage fan it nije jier yn it dossier Befrijing yn de Fryske literatuer komt fan Abe de Vries: ‘Douwe Kiestra en de Fryske skuld’.

In fragmint út it artikel:
“Nei 1918 rekket de Fryske beweging op ’e nij sterk ferpyldere en mei troch allerhande politike en persoanlike strideraasjes komt it Fryske nasjonalisme, as oerkoepeljende ideology, mear en mear yn ’e knipe. As yn it begjin fan de tritiger jierren in nije, swiere ekonomyske krisis útbrekt, hoecht it jin net te fernuverjen dat in part fan de Fryske nasjonalisten ta is oan wat nijs. Dat sil it Fryske faksisme wurde, dêr’t Douwe Kiestra mei Jan Melles van der Goot en Rintsje Sybesma in sintrale rol yn krije sil.”… Lês fierder