Kollum Willem Schoorstra: Ingels op crocs

logo.ensafh

Kryst is de tiid fan ingels. Dy komme yn soarten en maten, mar allegear ha se wjokken en wite jurken oan. Guon ha de hannen gear om te bidden, oaren brûke dy om op in harp te spyljen of om in bazún beet te hâlden dêr’t se al fleanendewize op blaze. Der binne ek ingels dy’t in soarte fan sjaal ha dêr’t gloria in excelsis deo op stiet, en nee, dat giet net oer Excelsior út Rotterdam.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Blog Wokke de Ruiter: Kryststikje fan it Libben

logo.ensafh

Troch de coronarigels wurdt er troch de fersoargingshûzen fan alles útfûn om de minsken mar ôflieding te jaan. Ek oan my waard de fraach steld; “Wer hâlde jo fan?” Der moast ik oer neitinke.

Spultsje dwaan as kryststikjes meitsje?
Kryststikjes meitsje kin ik ek net -ik bin net kreatyf- mar ferhalen fertelle, dat kin ik dan wer wol..

Lês fierder by Tiden hawwe tidenLês fierder

Henk Nijp

Mail

logo.ensafh

Waarom zou je meer betalen? ropt it mailtsje oerémis huppeljend yn de mailboks. Der komme hjir de lêste tiid sa no en dan aparte berjochten del. Gjin idee hoe’t dat komt. It heucht my net dat ik my ea ynskreaun ha by de ferstjoerder. Hjoed wie der wer sa’n berjocht fan in webwinkel dy’t him ‘Actievandedag’ neamt. Ik ha dêr noch nea wat kocht en ha neffens my ek net op ien of oare link klikt, mar dat is soms samar klear fansels. Of faaks ha de buorlju tocht dat ik te folle efter de geraniums sit of fine se my wat iensum en ha se tocht sa wat ferdivedaasje foar my te regeljen.… Lês fierder

Teleks: PODCAST Boekekast #8 ‘It suske fan’, een verhaal van Thys Wadman

logo.ensafh

De moaiste Fryske ferhalen yn de tsjusterste en koartste dagen hearst yn de podcast Boekekast fan ‘Boeken fan Fryslân’ en Omrop Fryslân. Acht Fryske skriuwers ha spesjaal in ferhaal skreaun. Yn de achtste – en lêste – ôflevering is it ferhaal ‘It suske fan’ fan Thys Wadman te hearren. Karen Bies praat ek mei de skriuwer. It ferhaal wurdt foarlêzen troch Thijs Feenstra.

Lês en harkje fierder by Omrop FryslânLês fierder