Teleks: Grutte Gedichtejûn DIGITAAL op 5 febrewaris 2021

logo.ensafh

Bêste dichter/poëzyleafhawwer!

Frysk literêr tydskrift Ensafh organisearret wer syn jierlikse Grutte Gedichtejûn. It is lykwols ditkear gjin poëzymaraton yn in smûk kafee, it barren sil folslein digitaal wêze op freedtejûn 5 febrewaris om 19:30 oere. De jûn wurdt nammentlik op it YouTube-kanaal fan Ensafh útstjoerd.

Om dy reden roppe wy alle dichters en foarlêzers, ryp en grien, op om ien gedicht op te nimmen. It makket net út yn hokker (streek- of minderheids)taal oft de gedichten skreaun binne. Jo hoege sels net iens dichter te wêzen, jo meie ek gerêst in oar syn of har gedicht foarlêze.

De filmkes moatte opstjoerd wurde foar 22 jannewaris.… Lês fierder

Blog Daam de Vries: Dat lêste. It is ferskriklik!!!

logo.ensafh

Ik ha wer ris in boek lêzen. As boekeman moat ik dêr fansels al krityk op hawwe want oars wurde jo net serieus nommen. It is sjesa: boeken dy’t jo net mei ien hân beethâlde kinne meie noait mar dan ek noait mei in slop kaft útfierd wurde. Want sokke boeken moatte jo mishannelje om lêze te kinnen en ik bin tsjin it mishanneljen fan boeken.

Foar it oare is it in prachtich dokumint wurden. De auteur hat my witte litten dat der fan alles en noch wat oan mankearret mar dat bin ik sa net gewaar wurden. It boek giet oer 75 jier brassband Looft den Heer mar jout ek in alderaardichst byld fan de histoarje en doarpsferhâldings troch de tiid hinne.… Lês fierder

Kollum Eelke Lok: Amtnerij

logo.ensafh

Yn 2009 ferstoar myn broer. Willem wie in tige yntelliginte mar hiel iensume jonge. Ofstudearre yn ekonometry. Doe’t er klear wie, wurke hy lykwols yn de túnbou, oars fertsjinne hy tefolle. Hy wie úteinlik statistikus by it Grinzer universiteitssikehûs.

Doe’t hy ferstoar ha ik syn hûs oprêden. Oeral leine blauwe slúfkes. Jim witte it wol, fan dy foar elk folslein riedseleftige belestingbryfkes. Dizze wiene tige yngewikkeld, it gie oer meardere jierren. Willem krige soarch- en hiertaslach. Dat wie dan wer tefolle en dan moast hy letter werom betelje. It iennichste wat ik begripe koe, wie dat der noch it ien en oar betelle wurde moast.… Lês fierder

Blog Marc van Oostendorp: Hoe redden we het Fries? Meer vergaderen!

logo.ensafh

Hoe slecht het gaat met het Fries? Neem de problemen van het Nederlands en vermenigvuldig ze met zeven, en je krijgt een benadering. Neem het onderzoek: de Fryske Akademy zoekt al geruime tijd vergeefs naar een directeur, alle opleidingen aan de universiteiten kampen met problemen, er komen daardoor ook steeds minder nieuwe onderzoekers bij. Als er niets gebeurt is het over een paar decennia afgelopen.

Alle tijd dus om de noodklok te luiden. Maar dan liever niet zoals DINGTiid het gisterenmiddag deed. Dit ‘orgaan voor de Friese taal’ publiceerde een notitie onder de al niet erg inspirerende titel (ik citeer nu steeds meer de Nederlandse versie) Op zoek naar nieuwe dynamiek en de nog onheilspellender ondertitel: Adviesnotitie betreffende de kennisinfrastructuur van het Fries.… Lês fierder

Teleks: Nieuw ‘kennisberaad’ moet regie over het Fries pakken

logo.ensafh

Een nieuw ‘kennisberaad voor het Fries’ moet de dynamiek terugbrengen in de kennisinfrastructuur rondom het Fries. Die kennisinfrastructuur hapert aan alle kanten, aldus het adviesorgaan voor de Friese taal DINGtiid.

DINGtiid deed op eigen initiatief onderzoek naar de kennisinfrastructuur, het stelsel van onderwijs en wetenschap rondom het Fries, en constateert dat er veel moet gebeuren om de dynamiek er weer in te krijgen. Hun advies daarover werd gisteren aangeboden aan gedeputeerden Sander de Rouwe en Sietske Poepjes.

Lês fierder by de Ljouwerter KranteLês fierder

Kollum Aant Mulder: It moat gjin alvêstedewinter wurde

logo.ensafh

Ik hâld fan winters mei snie en iis. Ik hâld fan reedriden en fan reedriderstochten troch it winterske Fryske lânskip. Ik hâld fan de Alvestêdetocht. Ik ha jierrenlang oan net al te lange tochten meidien. Dêr hearde de Alvestêdetocht dus net by. Men moat jins grinzen kenne. Sûnt it alle kearen drokker op it iis waard, bin ik mear taskôger as meidogger wurden. Dat is de iene kant fan it ferhaal. De oare kant is dat men mei it âlder wurden foarsichtiger wurdt. Likegoed bin ik en bliuw ik in leafhawwer fan echte winters. Dochs hoopje ik diskear op in iepen winter.… Lês fierder

Kollum Willem Schoorstra: Troch taslaggen nei de bliksem

logo.ensafh

Lit ik úteinsette mei in rychje krantekoppen: ‘Belastingdienst werkte ouders die recht hadden op kinderopvangtoeslag bewust tegen’; ‘Fiscus frustreerde onderzoek naar kinderopvangtoeslag’; ‘Belastingdienst pakt klokkenluider opvangtoeslag aan’; ‘De Belastingdienst procedeerde jaren tegen ouders zonder bewijs’.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder