Blog Daam de Vries: Te keap: sjoernalisten

logo.ensafh

Sawat in heale ieu lyn wennen der yn Ingelum in pear minsken dy’t de krystbeam oant de Peaskedagen stean lieten. Dat wie frij apart, it hiele doarp wist it en hie it der oer. Der waard noch krekt gjin skande fan sprutsen.

As wy in heale ieu fierder binne dan hellet it folk de krystbeam mei de Peaskedagen yn ‘e hûs, wy skarrelje dy kant al aardich út. ‘Krystbeammegekte’ wurdt dat neamd. De oarsaak soe lizze yn de grutte fraach nei krystbeammen. Dat is fansels klearebare flauwekul, de iennichste reden is dat túnsintra en boumerken ús dy dingen troch de strôt triuwe wolle.… Lês fierder

Blog Sigrid Kingma: In heal bunder gelok

logo.ensafh

Ik deidream hieltyd faker oer in stikje lân. In hoeke fan in heal bunder dêr’t ik myn fantasy op loslitte kin. Fruitbeammen, blommefjilden, in krûdehof, in grutte fiver dêr’t hartsjes en wylde swyntsjes komme kinne te drinken. In gedichtepaadsje. Faaks in boartersdiel mei wylgehutsjes en oare natuerlike bouwurken. It is in mearjierredream dy’t hieltyd mear stal krijt, en alle kearen evaluearret. Lêsten wie ik by ‘Tuin in de stad’ foar in wyldplukkuier, dêr’t se ta myn fernuvering in bytsje dogge wat ik foar eagen ha. Dêr ha ik ek wat ynspiraasje opdien.

Lês fierder by Sigrid KingmaLês fierder

Kollum Aant Mulder: Wy wolle net fersûpe

logo.ensafh

Noch hûndert jier en dan ha we gjin feangrûnen mear, lies ik earne. Dat liket moai, mar dat is it net. Dan binne we aardich de djipte yn sakke mei alle skea en bedrigingen dy’t dêr wer by hearre en dan ha we aardich wat luchtfersmoarging en in stikje klimaatferoaring troch CO2-útstjit op ús gewisse. De minsken dy’t dan yn dy bedelte wenje, sjogge dan wol tsjin hiele hege diken oan.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Kollum Willem Schoorstra: Al stjerre leafsten, leafde stjert net

logo.ensafh

Moarns by de kofje tikke de dei op it rút. Sa’n hjerstdei dy’t seldsum moai wêze kin. In dei dêr’t begripen as ‘yntym’ en ‘ynmoedich’ op fan tapassing binne. In dei as in âldere freon of freondin, dy’t jo útnûget om derop út te gean. Sa’n útnûging wegerje jo fansels net. Boppedat sei Pyt ús ta dat it sintsje der middeis ek noch bykomme soe. Dus wie it in kwestje fan de rinskuon oan te lûken, in flaubyt mei te nimmen en noch ien kear te pisjen foar’t men ôfstekt.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Jelma Knol

Under Hildegards tsjoen: Taspraak by in boekpresintaasje dy’t net trochgyng

logo.ensafh

Piter Boersma hat mei syn nijste dichtbondel, Under Hildegards tsjoen, wer ris foar in unikum soarge yn de Fryske literatuer. Yn 312 kwatrinen fertelt er it ferhaal fan syn fassinaasje foar Hildegard fan Bingen, in tolfde-iuwske mystika en abdis. Hy hat keazen foar in literêre foarm, it ferheljende lange gedicht, dat nei it begjin fan de 19e iuw, mei de opkomst fan de roman, hurd yn it neigean rekke. Dat is op himsels al unyk.

Wa’t fan dizze bondel genietsje wol, krijt fan my hjirby trije advizen mei. Lês de bondel fan it begjin ôf oant de ein. Dan earst krijst de grutte line te pakken en krijst ek each foar de spanningsopbou fan it gehiel.… Lês fierder