Teleks: Lange koartproazajûn yn De bogt fen Guné fan ’e baan

logo.ensafh

Parseberjocht Frysk literêr tydskrift Ensafh
03 novimber 2020

Lange koartproazajûn yn De bogt fen Guné fan ’e baan

Begjin dit jier hat Frysk literêr tydskrift Ensafh in oprop dien ta it ynstjoeren fan tige koarte ferhalen fan op syn heechst 250 wurden. Dat hat de redaksje fan it tydskrift dien, mei’t hja fûn dat der yn ’e Fryske literatuer mear omtinken foar proaza komme kin.

Ut de 39 ynstjoerings hat de sjuery, besteande út Nyk de Vries, Gerbrich de Jong en Anne Feddema, fjirtjin winnende ferhalen útkeazen. De sân alderbêsten soenen sawol op 27 novimber yn De bogt fen Guné te Frjentsjer foardroegen wurde as yn it sechsde nûmer fan Ensafh ferskine.… Lês fierder

Kollum Aant Mulder: Taalplan Frysk 2030

logo.ensafh

Der binne yn de oktobermoanne in pear aardige dingen bard as it om Frysk ûnderwiis giet. Dat dy dingen genôch omtinken hân ha, kin ik net sizze. Dêrom dat ik it der dochs mar efkes oer ha wol. Der binne eins twa dingen. It iene, dat is it Taalplan Frysk 2030 en it oare it Kurrikulum Frysk. Yn beide rjochtingen binne yn dizze moanne in pear konkrete stappen set, no ja, konkreet op papier.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Teleks: Jaap Veenstra (1959-2020) ferstoarn

logo.ensafh

Op 31 oktober is dichter Jaap Veenstra ferstoarn. Hy debutearre yn 1986 mei de bondel De nacht midstwa en publisearre yn 2016 de twatalige bondel Gatten yn it tek / Gaten in het dak. Hy wie as dosint ferbûn oan Stenden Hogeschool.

Syn gedichten wiene yn ’e regel beskôgjend fan aard. Hy beseach de meiminske en syn krewearjen mei in myld each.

Lês fierder by SirkwyLês fierder

“We Are Always Present in What We Write”: An Exchange between Emmanuel Carrère and Daniel Mendelsohn

logo.ensafh

They’ve read and admired one another for ages, but they’d never had an occasion to talk to each other. Emmanuel Carrère and Daniel Mendelsohn are among those writers who, over the past decade, have most profoundly impacted first-person nonfiction—literature itself, in short.

Lês en sjoch fierder by Words without bordersLês fierder

Teleks: Poëzijfilm ‘Begjin’ fan de Dichter fan Fryslân yn premjêre op Omrop Fryslân TV

logo.ensafh

Snein 8 novimber giet de earste fan in seary koarte poëzijfilms fan Nyk de Vries as Dichter fan Fryslân yn premjêre. De útstjoering op Omrop Fryslân TV is om 17:50 oere, foar Fryslân Dok. Yn it projekt mei filmmakker Herman Zeilstra sille sân gedichten fan de Dichter fan Fryslân ferfilme wurde.

De earste poëzijfilm is basearre op it gedicht ‘Begjin’ dat de Dichter fan Fryslân skreau by de start fan syn dichterskip fan Fryslân.

De poëzijfilms binne ek online te sjen fia dizze webside, Leeuwarden City of Literature, LF2028 en Omrop Fryslân.

Boarne: Dichter fan FryslânLês fierder