Teleks: De Utmolken Toer Dichtersjûn op 24 oktober wurdt livestreamd

logo.ensafh

De Utmolken Toer
Dichtersjûn op 24 oktober wurdt livestreamd

De lêste jûn fan De Utmolken Toer, de toernee fan dichters Elmar Kuiper en Geart Tigchelaar, op 24 oktober om 19:30 oere yn De Bres te Ljouwert wurdt livestreamd.

Mei’t koroana it grutte publyk tsjinhâldt, hawwe de dichters besletten om harren dichtersjûn nei de minsken ta te bringen. De livestream wurdt fersoarge troch kreatyf reklameburo Hatogkrøller en is te folgjen op it YouTube-kanaal fan Frysk literêr tydskrift Ensafh. Fierders op de Facebook-akkounts fan Ensafh en Dichterskollektyf RIXT.

Njonken de optredens fan Kuiper en Tigchelaar sille Ljouwerter dichters Cornelis van der Wal en Syds Wiersma foardrage.… Lês fierder

Teleks: Mei digiTales moatte Fryske folksferhalen ta libben brocht wurde

logo.ensafh

 

Twa bedriuwen út Ljouwert kinne úteinsette mei de ûntwikkeling fan de digitale biblioteek digiTales, dêr’t âlde folksferhalen yn ta libben brocht wurde. In subsydzje fan mear as 100.000 euro makket dat mooglik. It giet foarearst om trije Fryske folksferhalen dy’t digitalisearre wurde: Rixt van het Oerd, De frou fan Starum, en It Spûk fan de Langesleat.

Lês en harkje fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Dr. Obe Postmapriis 2020 foar Jan Popkema mei ‘It parfum’

logo.ensafh

De dr. Obe Postmapriis 2020 is takend oan Jan Popkema foar syn Frysktalige oersetting fan Das Parfum fan de Dútske auteur Patrick Süskind. De priis wurdt op 19 novimber – coronaproof – útrikt yn gearwurking mei it festival Explore the North.

Jan Popkema (1942) is frisist en nearlandikus. Hy wurke ûnder oare by de learare-oplieding Frysk en Nederlânsk yn Ljouwert en wie leksikograaf by de Fryske Akademy. Dêrneist hat er literêr wurk fan bygelyks Gysbert Japicx oerset en Fryske learmiddels skreaun. De Fryske oersetting fan Das Parfum ferskynde yn 2018 by útjouwer Regaad.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Blog Henk van der Veer: Gelukkech binne der dan nòch altyd Ensafh en de Moanne

logo.ensafh

Foar al dy lui dy’t ut nyt weten, ut binne de namen fan de twee tydskriften dy’t ik graach leze mach. En dat kan ik wel brúke in dizze corona-tiid. Was fanmiddach in ut sentrum fan Heerenveen, dêr was ut su smoardruk dat ik foar ut earst fan myn leven met un moankapke foar over straat liep.

Lês en sjoch fierder by Henk van der VeerLês fierder