Aginda 23-10-20: Dichtdiner lânskipsleafde ANNULEARRE

logo.ensafh

Dichtdiner lânskipsleafde

Ljouwert City of Literature organisearret op freed 23 oktober op ‘e nij in yntym dichtdiner. Fjouwer skriuwers/dichters mei hert foar it lânskip steane sintraal. Yn it Frysk en yn it Nederlânsk ‘besjonge’ en betreurje sy de (kwinende) natuer. Jantien de Boer, Edwin de Groot, Marije Roorda en Jan Kleefstra drage yn de sfearfolle seal fan de Westertsjerke wurk foar oan in lyts, nijsgjirrich publyk. ANNULEARRE.

Lês fierder by City of LiteratureLês fierder

Kollum Martsje de Jong: Myn hertetaal: it Frysk

logo.ensafh

Wy litte ús taal fertoarkje. Dat witte wy al lang, want dêr wurkje wy allegear oan mei. Ik ek, want ik ferbrek my ek gau ris. As in oar Nederlânsk praat, skeakelje ik sûnder erch oer.

Soks mei noch hinnebruie, salang’t ik thús de bern de eigen taal mar bybring. Mei’t ik sels as skriuwer en oersetter deistich mei de skriuwtaal dwaande bin, is ús hiele kommunikaasje thús Frysktalich, ek as it giet om appkes, of, hoe âlderwetsk, in briefke op tafel. Foar in soad bern jildt soks net, dy binne oanwiisd op it ûnderwiis as se de taal skriuwen en lêzen leare moatte.… Lês fierder

Anne Feddema

Winsk fan in skilder (2)

logo.ensafh

Wat hienen jo no winliken oan sa’n stimke yn je ynderlik? Gean der mar hinne?
Hjir gjin lyts mantsje mei pet mar in giel plastifisearre plakkaat op ’e doar. Fedde lies it …Covid 19…bladibla…ticht.
Krekt op dát stuit gong de doar iepen en kaam der in man nei bûten, in man mei in grut read burd en wyld read hier, dat alle kanten út syn wei socht.
Hy seach Annema en die fluch syn masker foar, dat sa like it alteast, earne  ferstoppe sitten hie yn ’t burd. Fedde Annema skrille in heal meterke tebek en goaide derút: ‘Ik bin skilder en kom út Fryslân…foar Bacon syn atteljee… Mata Hari?…Alma… Lês fierder

Teleks: Fryske berne- en jeugdboeken foar skoalbern en pjutten

logo.ensafh

Wethâlder Andries Bouwman fan Tytsjerksteradiel joech woansdeitemoarn de ôftraap foar de Berneboekewike op basisskoalle De Ichtusschool yn Gytsjerk. Hy lange de skoalle in pakket oer mei Fryske boeken mei in wearde fan € 200,-.

Wichtich foar taalfeardigens
Yn groep 1, 2 en 3 fan Juf Ineke Hartwig lies wethâlder Bouwman foar út it Fryske boek Skattich fan Lida Dykstra en Marije Tolman. “Foar de taalfeardigens fan bern is it tige wichtich dat se fan jongs ôf oan mei it Frysk en oare talen yn kontakt komme”, seit Bouwman. “Ik bin sels net Frysktalich opgroeid en ûnderfyn no hoe dreech oft it is om jin letter in taal eigen te meitsjen.”… Lês fierder