Kollum Aant Mulder: Op wrâldreis of net

logo.ensafh

Op ynternet fyn ik in side, mei de namme: ‘Op wereldreis door Nederland’. As ik wat op dy side omsneup kom ik by nammen as ‘Spaanse allure in Nieuw Vennep’, ‘De canyon van Twente’, ‘Dividivi’s in de duinen’. It magazine ‘Wereldreis Friesland style’ (Friesland.nl/wereldreis) dat we okkerwyks allegearre troch de bus krigen, docht itselde foar Fryslân. Dat wol de minsken yn Fryslân op wrâldreis stjoere, krekt as kinne we dêr net sûnder. Dêrom ferliket dat magazine ús toeristyske attraksjes mei de moaiste attraksjes rûnom yn de wrâld. Ik wit net goed wat ik dêrfan tinke moat. Yn dat magazine wurde dy grutte toeristyske attraksjes fan rûnom yn de wrâld ferbûn mei ús saneamde ‘selling points’.… Lês fierder

Kollum Willem Schoorstra: Stilberte: it nea ferlerne bern

logo.ensafh

Ast jong bist, stiest der net by stil. De frou of de freondinne is yn ferwachting en jo, as partner, soargje foar de bêst mooglike omstannichheden dêr’t de poppe him of har yn oantsjinje kin. De tinzen en de takomst draaie om libben, net om dea. Dochs is dat nij libben net in fanselssprekkendheid. Dat besef krige ik mei de befalling fan ús earste. Der wiene komplikaasjes dy’t dat nij libben slim kritysk makken. Gelokkich betearde it allegear goed, mar dêrnei wie it dien mei de wissichheid dat alles altyd goed ferrinne sil.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Maak gyn gebrúk fan mijnwoordenboek.nl

logo.ensafh

D’r is de leste tiid wat opskudding ontstaan over mijnwoordenboek.nll. Der staat namelik ok ’n woordelist fan ’t Bildts op. En dat is nou krekt ’t probleem. Kyk, ’t is mooi dat d’r meer mînsen binne die’t fan de Bildtse taal houwe en dat ok úttere wille, maar d’r is al een groat probleem: wat d’r namelik op deuze sait staat, is niet goed Bildts, ok al hewwe wij al heel feul woorden op die sait ferbeterd. Maar de samenstellers hewwe de woorden in elk gefal niet nakike laten deur erkinde Bildtse nakikers. Dus aigenlik is d’r sprake fan ‘n ‘wilde’ sait.… Lês fierder

When comfort reading won’t cut it: books to restore hope in humanity

logo.ensafh

The most hopeful thing about books is that they exist. Is it not a miracle to look at a shelf and see the vast range of human experience laid out before us? How remarkable that someone picked up a quill or a typewriter or a laptop and set about distilling their thoughts and ideas into such a perfect delivery mechanism. Every first page functions as the wardrobe door that will open up and show me a new Narnia.

Lês fierder by The GuardianLês fierder

Teleks: Berneboeke-ambassadeur Lida Dijkstra op toernee: “Frysk kin mearwearde jaan”

logo.ensafh

Lida Dijkstra, skriuwster en ambassadeur van de Berneboekewike, giet dizze wike lâns basisskoallen yn Opsterlân om mei de bern te praten oer it skriuwen fan boeken en om harren foar te lêzen. It is om de Berneboekewike te fieren, dy’t fan 30 septimber oant en mei 11 oktober is. It tema is ‘En Doe’.

Lês en harkje fierder by Omrop FryslânLês fierder

Henk Nijp

Wrâldreis

logo.ensafh

Fan ‘e wike kaam ik yn Ljouwert ynienen efter sa’n blauwe Arrivabus te riden, it avesearre net al te bot, it heakke nochal op ‘e rotonde, dat ik hie it wol oan tiid en lês it ferhaal op de achterkant fan de bus. It gong oer in ‘wereldreis Fryslân-style’, de lêzer waard oantrúnd om op ekspedysje yn eigen provinsje te gean. Hiene wy sa’n ekspedysje ek al net ris earder by de ein hân, in pear jier tebek? It kaam my net alhiel ûnbekend foar. It wurd ‘ekspedysje’ hat foar my altyd in konnotaasje mei wat ûnherberchsums, fan ûnlân, woest en ûngastfrij, it jout my wat in ‘unheimisch’ gefoel om mar ris in bûtenlânsk wurd te brûken.… Lês fierder