It is no goed fjirtjin dagen lyn dat de Fryske Taalatlas 2020 iepenbier útkaam. In tige opteine deputearre Poepjes melde dat it goed giet mei it Frysk. Ien kear yn de fjouwer jier kinne wy tsjûge wêze fan de rituele dûns om de taalbeam, want der binne altyd wol griene sprútsjes te finen. Ek al binne de útkomsten dizze kear net better as de foarige kear, der is altyd wol wat te finen dat de moed deryn hâldt. Dizze kear is dat it skriuwen yn it Frysk dat tanimt. Elkenien kin it merkbite: de jongerein doar it Frysk op de bûstelefoan faker te brûken.… Lês fierder