Ik hie mei in oar ûnderwerp komme wollen, mar dat wurdt him net. As der Frysk nijs ynkomt, dan kin en wol ik dêr net omhinne. En dat Fryske nijs is der. De fjirde taalatlas is ferskynd en dêr steane nijsgjirrige dingen yn. De taalatlas fan 2019/2020, dy’t no krekt beskikber kommen is, dat is de fjirde op rige. Om de fjouwer jier wurdt sa’n taalatlas gearstald en útjûn. Wy ha it dus oer de jierren: 2007, 2011, 2015 en 2019/2020. Wat der ek mei it Frysk bart, de folgjende taalatlas komt grif yn 2023 út. Wy ha no dus fjouwer taalatlassen, rapporten dy’t oer it generaal aardich posityf binne.… Lês fierder