Ed Knotter: It Frysk wurdt ûnderdrukt yn ‘Friesche’ kranten

logo.ensafh

In foarbyld út it Friesch Dagblad

Taaldiskriminaasje
Fonology giet oer lûden yn de taal, mar kriget yn it ûnderwiis net folle omtinken. Der binne in protte minsken dy’t by lûden (klinkers) oan letters tinke. It is dêrom hiel goed dat Peter Nieuwenhuijsen dat fersin dúdlik makket yn alve artikeltsjes yn it Friesch Dagblad. Moaie stikjes yn de sneonskrante. Wat kin dy man dat helder en mei humor útlizze. It is syn fak, nearlandikus-taalkundige en dosint taalkunde, en dus kinne wy in soad fan him leare.

Mar wy leare ek in hiel soad nét fan him en dat is o sa spitich, of slimmer noch, it is in foarm fan diskriminaasje, want men sjocht in systematyske iensidigens.… Lês fierder

Blog Ton van ’t Hof: Inzendbarrière

logo.ensafh

Literatuur moet opwindend zijn en ambitieus en iets beweren. Ik heb me gisteravond mateloos geërgerd aan deze opmerking en de plaatser binnensmonds uitgemaakt voor een stuk onbenul. Vanochtend werd ik op de fiets, tas met boodschappen aan het stuur, in één keer en uit het niets overmand door droefheid over de dingen die voorbijgaan.

Lês fierder by Ton van ’t HofLês fierder

Blog Cornelis van der Wal: Ernst Bruinsma besprekt (alwer) syn eigen útjeften en oar nijs

logo.ensafh

Jo soene dochs tinke dat de man einlings ris trochkriget dat soks not done is: in útjouwer dy’t syn eigen útjeften besprekt. Nee dus. It wie ôfrûne sneon wer it gefal, doe’t Ernst Bruinsma it boek de Raven fan Elske Schotanus bespruts yn syn boekerubryk Op en út foar de Omrop. Dat kin sllinnich yn Fryslân… En fansels wie Bruinsma tige te sprekken oer it boek!

Mar der binne aldergeloks ek goede berjochten:

Lês fierder by Cornelis van der WalLês fierder

Blog Daam de Vries: KNKB: Slinende lekskoaiers

logo.ensafh

Frachten oranjekoeke, liters sterke drank, hompen tsiis en bulten droege woarst moatte se by de KNKB skrânzge hawwe nei de lêste parsekonferinsje fan de mp. Want der koe wer keatst wurde. Dy eufoary fernuvere my in bytsje.

Mar net doe’t ik wat langer neitocht. Keatsen is neffens de KNKB nammentlik in spultsje mei twa partoer fan trije man en in baltsje dêr’t se tsjin oan slaan moatte. En as it wier net oars kin soarget de KNKB foar in skiedsrjochter dy’t se in grypstehealstoer taskowe. En om net al tefolle drokte te hawwen om ta in winner te kommen bepale se op tiisdeitejûn troch in stjoerde kantoarlotting al wa’t yn de hage komt.… Lês fierder

Teleks: Lêste priuwke út de rôze blomlêzing

logo.ensafh

It sechsde – en lêste – priuwke fan de bondel Do draachst de leafde oan is yn de rubryk Utljochte op Sirkwy te lêzen. It is in fragmint út in ferhaal fan Sipke de Schiffart. De blomlêzing befettet fragminten fan poëzy en proaza mei lesbyske, homoseksuele, biseksuele, transgender-tematyk. It giet dêrby net om hoe’t skriuwers harsels definiearje, it giet om hoe’t in tekst him lêze lit, om hoe’t de redaksje dy tekst lêzen hat, nammentlik mei de rôze bril op.

Lês fierder by SirkwyLês fierder