Fan ’e wike lies ik yn in artikel yn de LC it tiidwurd eamelje, eameljen. It wie yn in koart artikel, dat gie oer de Jongfryske Mienskip, dy’t him deroer fernuveret dat de donorfolder net yn it Frysk te krijen is, wylst dat wol it gefal is yn sa’n acht oare talen. ‘Wy moatte manmachtich eamelje by it Meldpunt Fryske Taal’, lês ik. De Provinsje, dy’t oer dat Meldpunt giet, hat de klacht al besjoen en ik begryp dat dy der neat mei dogge. Dêr ha se net lang oer neitocht. Ik hie ek net oars ferwachte. It is in folder fan de Ryksoerheid en de Provinsje hat gjin jild foar sokke oersettingen, sizze se.… Lês fierder