Sûnder reden, gjin hurde nùtsjeboel as sa, falt er in fulling ùt myn kies. In pear dagen letter noch ien, en omdat ik grutsk bin op myn eigen gebit meitsje ik my der soargen oer.
Lês fierder by Tiden hawwe tiden… Lês fierder
Sûnder reden, gjin hurde nùtsjeboel as sa, falt er in fulling ùt myn kies. In pear dagen letter noch ien, en omdat ik grutsk bin op myn eigen gebit meitsje ik my der soargen oer.
Lês fierder by Tiden hawwe tiden… Lês fierder
Geart Tigchelaar besprekt ‘Under Hildegards tsjoen’ (Hispel 2020) fan Piter Boersma.
https://youtu.be/ovdXas6fXiE… Lês fierder
Dichter fan Fryslân Nyk de Vries hat in nij gedicht makke, oer de coronakrisis. Unyk is dat de tekst op de strannen fan de fjouwer Fryske Waadeilannen skreaun is, en dat de kamera fan ‘Fryslân fan Boppen’ dat filme hat. It gedicht giet oer it isolemint dêr’t in soad minsken no ynsitte. Elkenien fielt him of har, op ferskillende wize, miskien sels wol wat in eilân.
Lês en sjoch fierder by Omrop Fryslân… Lês fierder
Adam Henson is boer. Mar net samar in boer. Hy is de soan fan Joe Henson, dy’t yn it jier 1971 besleat om wat nijs te dwaan. Hy iepene syn buorkerij foar besikers. Dat die hy omdat er net in trochsneed boer wie, mar in hiele kolleksje oan bedrige bisterassen op syn pleats in plak joech. Syn kollega’s ferklearren him foar gek, sa seit syn soan yn in filmke op de side fan Cotswold Farm Park.
Lês fierder by Omrop Fryslân… Lês fierder
As de maatskippij ein 2020 fallyt is en de asyls fol sitte mei ôftanke hûnen, dan is der miskien wer ris wat sinnichs oer dizze perioade te sizzen. Wie it al in komplot fan Bill Gates en konsorten om ús folslein yn ‘e macht te krijen? Ha de Sinezen it firus yn ‘e wrâld brocht om úteinlik alle fallite bedriuwen op te keapjen? Of komt it dochs fan wylde bisten omdat de minske it ekosysteem fersteurt, bisten ferjeit út har natuerlike omjouwing en dat ynpikt foar eigen gewin?
Lês fierder by Omrop Fryslân… Lês fierder
Ljouwert, 24 april 2020 – Hjoed binne by 88 lyts- en grutskalige fersoargingstehuzen rûnom yn de provinsje Fryslân poëzykaarten besoarge foar de goed 5.000 bewenners.
It is in aksje fan Leeuwarden UNESCO City of Literature yn gearwurking mei Dichterskollektyf RIXT. RIXT-dichters Jan Kleefstra, Syds Wiersma, Gerrit de Vries, Froukje Reitsema, Kate Schlingemann, Martsje de Jong, Marije Roorda en Tsjisse Hettema en dichteres Baukje Wytsma hawwe mei-inoar sân Frysktalige en twa Nederlânsktalige gedichten skreaun. Ernst Bruinsma, saaklik lieder Leeuwarden City of Literature: “Mei de aksje wolle wy treast en hope jaan yn dizze – foaral foar âlderen – drege tiid.”
Troch Douwkje Douma fan it projekt Frysk yn de Soarch (Afûk) is der ynventarisearre hokker belangstelling der wie by soarchsintra foar âlderein yn Fryslân.… Lês fierder
Folkshegeskoalle Schylgeralân (FHS) hat it yn de koroanatiid ekstra dreech. No’t der troch de krisis gjin gasten komme kinne, sjocht it der foar de stichting min út. Direkteur Amarins Geveke is bang dat 2020 as in ferlern jier beskôge wurde moat. Yn in brief oan de gasten, freonen en relaasjes leit se út dat de FHS as ûnôfhinklike ynstelling gjin subsydzje kriget en ôfhinklik is fan omset en fan syn freonen.
Lês fierder by It Nijs… Lês fierder