Josse de Haan

Ynstjoerd: BOEKEWIKE, FLAMINGEN, WADMAN en it FRYSK

logo.ensafh

Mei de panne op it dak kin ik de Nederlânske TV krije – DWDD en OP1 sjoch ik gauris. Op woansdei en tongersdei fyn ik OP1 it nijsgjirrichst, meidat ik de presintatoaren frij goed fyn.
Justerjûn op 5 maart gong it û.o. oer de boekewike fan dit jier.
De geskinkskriuwster Annejet van der Zijl en de direkteur fan de CPNB (Collectieve Propaganda Nederlandse Boek) wiene oanwêzich. Fan Van der Zijl haw ik in pear prachtige boeken lêzen – ‘Sonny Boy’ ‘Bernhard’ en ‘Jagtlust’ bygelyks. Se skriuwt non-fiksje, basearre op wiidweidige dokumintaasje. Dit jier hat se it Nederlânske boekewikegeskink skreaun – ‘Leon en Juliette’.… Lês fierder

Blog Sigrid Kingma: Fonteingedichten

logo.ensafh

Der komt in nije bondel fan my út. Oer in pear wiken tink ik al. Ik wit dat it frjemd klinkt, hielendal nei myn lêste blog, dêr’t ik sa stellich yn sis dat ik foarearst gjin bondel útbringe sil. It oerfoel my sels ek, ik realisearre it my ynienen no’t it hast safier is. Dat freget om in útlis.

De lêste tiid bin ik yn fluchtreinfeart op fersyk oan it dichtsjen. Guon sizze dat je mei in bern nergens mear oan ta komme, mar ik ha no al mear projekten as dat de belestingtsjinst ynskatten hie foar it hiele jier. Earst foar kollega Jolanda Verhoef dy’t lesmateriaal ûntwikkelet foar filosofeare mei bern, yn jannewaris foar LinKk, en dêrnei foar Portretten in Poëzie.… Lês fierder

Greet Andringa

It Margofoarmich gat

logo.ensafh

Dizze winter hat al sân deaden foar my brocht en dan hat it Koronafirus noch net iens del west. Wol twa kear in grutte blieding ûnder it skedeldak en in útsiedde leverkanker. Ien fan de minsken hat himsels tekoart dien en de oare trije ha fan dwaan mei te folle drank: twa kear in maachblieding en ien kear in deadlik iensidich ûngemak. Miskien alletrije ek te klassifisearjen ûnder it kopke ‘jinsels tekoart dwaan’, mar dan de slowmotionferzy. De deaden fariearje yn leeftiid fan fjouwerenfjirtich oant achtentachtich. Guon stiene tichterby, guon wienen fierderfuort, guon wiene beropsmjittige kunde, guon privee en ien siet dêr tuskenyn.… Lês fierder

Teleks: Toanielstikken mei rol foar âldere akteurs moatte iensumens tsjingean

logo.ensafh

Der is in grut ferlet fan Fryske toanielstikken foar âldere akteurs en aktrises. Stichting Amateurtoneel Fryslân moat skriuwers dêrom finansjeel stypje om mear stikken yn dit sjenre ferskine te litten. Aldere toanielspilers sitte no wurkleas thús, wylst toaniel poer geskikt is om âlderein en jonge minsken op it poadium mei elkoar te ferbinen en sa iensumens tsjin te gean. Mina Woudstra fan Himpens, 74 jier en noch hieltyd aktyf op it toaniel, die dizze oprop woansdei yn IepenUP Live, dat wiidweidich stilstie by it tema ‘iensumens’.

Lês en sjoch fierder by Omrop FryslânLês fierder