Blog Jaap Slager: Kroandea

logo.ensafh

Kroane
Dat is ek merakelse minsklik, tink, en risselwearje mar rimpen dat wy de kroane fan ´e skepping binne. Kroanfirussen skuorre har de bûsen út by safolle ûnnoazelens: “It binne de mikroben, mofferts! De mikroben binne de grutte jonges fan dizze wrâld, de kroanprinsen!”

Firus(s)kenner
Om´t ik wat in talemantsje bin, pik ik fan en dan ek wolris wat op fan wat der yn dat fermidden bejeuzele wurdt. Men hoecht inkeld de hannen oer de earen te lizzen en men kin mar taharkje. Want se lizze oan ien triem wei te eameljen, sjuch, en hawwe allegeduerigen eat op ´e tromme – boem, boem, boem!… Lês fierder

Blog Daam de Vries: Is frou Fokkens in liichbist?

logo.ensafh

Suver krekt frou Fokkens nochris beharke. Dy siet hjoed te jeuzeljen yn Buro De Vries, sadwaande. Frou Fokkens is in liichbist.

Frou Fokkens seit dat der deis wol 32 bussen troch Ingelum jakkerje foar 8 klanten. Oft dy allegearre in oare bus pakke dan ride der dus op syn minst 24 lege bussen troch Ingelum. Frou Fokkema fynt it wakker idioat dat wy lege bussen ride litte moatte. Frou Fokkens wol minsken yn de bus hawwe.

Lês fierder by Daam de VriesLês fierder

Teleks: Dichter fan Fryslân yn nij live stream boekeprogramma

logo.ensafh

Op de earste dei fan de Boekewike, no sneon 7 maart om 15:00 oere, begjint de earste ôflevering fan Bomen over Boeken fanút de Bosthalte yn Amstelveen. Nyk de Vries is dêr as Dichter fan Fryslân te gast tegearre mei de skriuwers Eva Vriend, Vanessa Oostijen en Thomas Heerma van Voss. Gert Klück fersoarget de ynterviews. De útstjoering is live fia YouTube te sjen.

Boarne: Dichter fan FryslânLês fierder

Blog Huub Mous: Herinneringen aan Gjalt Walstra

logo.ensafh

Slauerhoff nam in de zomer van 1929 de praktijk waar van dokter Bremer in Beeststerzwaag. Zijn verblijf aldaar heeft slechts 36 dagen geduurd, maar deed in dit voorname en rustige provincieplaats heel wat stof opwaaien. De dichter-dokter stoorde zich allerminst aan de locale gedragscodes. Zo kreeg hij kennis aan Aaltje Koopmans, de negentienjarige dochter van de plaatselijke kruidenier en daar kwam hij ook rond voor uit. Met Aaltje reed hij in de Ford van dokter Bremer op een dag naar het huis van J.C. Bloem en Clara Eggink. Die woonden destijds in Sint Nicolaasga. Bloem werkte toen als griffier in Lemmer.… Lês fierder

Beart Oosterhaven

Boudewijn de Groot ‘wertaald’

logo.ensafh

Oan ’e njonkelytsen moai lange rige fan albums dêr’t nasjonale en ynternasjonale artysten en groepen yn it Frysk op covere wurde, is ein ferline jier wer ien tafoege: Boudewijn de Groot yn it Frysk! Cees de Wolff fan Âldskoat hat foar dat album tsien besteande nûmers oerset. Of better sein: ‘wertaald’.

Popsongs yn it Frysk

En lit my it fuort mar sizze: Cees de Wolff en ’syn’ fiif útfierende artysten – dat binne: Grytz (= Grytsje Melchers, trije nûmers); Sipke de Boer (twa); Jan Dirk van Ravesteijn (twa); Adri de Boer (twa) en Jan Nota (ien nûmer) – hawwe wier net de minste bydrage levere oan ’e neamde rige!… Lês fierder

Kollum Jan Schokker: Der Tischtikker

logo.ensafh

Foar de standbou hawwe wy wer in hiele wike nei Dútslân ta west, mar dan geane wy fansels net inkeld foar it wurk op reis. Alle kearen is it foar ús ek in kultuerútstapke: wy moetsje prachtige minsken, sjogge de moaiste âlde stedsjes, ferwûnderje ús, nimme wat op, mei en yn. Diskear sieten wy yn Gräfenberg, sa’n tritich kilometer boppe Neurenberg, in oerâld stedsje mei trije poarten en idyllysk tsjin de berch oanplakt. De âldste gebouwen binne noch fan foar 1300. It is dat der auto’s omride, oars waanst dy werom yn dy tiid. Dútsers hâlde fan tradysjes. Neat mis mei, want sa bliuwt der fansels in bulte fan it ferline bewarre.… Lês fierder