Aginda 08-03-20 o/m 13-03-20: Skriuwer, ferteller en sjonger Bennie Huisman ‘Thús’

logo.ensafh

De foarstelling ‘Thús’ giet oer Huismans lêste roman Sanfirdo. De roman spilet him ôf yn Fryslân en is in ferfolchferhaal op de novelle Sânfurd út 1999. Yn de roman folget de skriuwer de personaazjes Liuwe en Elize oer in tiidrek fan 25 jier yn it belibjen fan leafdes, yn it sykjen nei in plak op de wrâld en yn it sykjen nei in “thús”. Oer dy tema’s, oer de roman sels, oer de fragen én de mooglike antwurden dêrop mar benammen it sykjen giet dizze foarstelling. Te sjen op snein 8 maart om 15.30 oere yn Podium Gorter Balk, woansdei 11 maart om 20.00 oere Café De Treemter Grou en freed 13 maart om 20.00 oere yn Muzykpleats Bûtenpost.… Lês fierder

Aginda 08-03-20 o/m 19-03-20: ‘Grinsgongers’ literêr programma fan Baukje Zijlstra en Sytse Jansma

logo.ensafh

Hoe floeiber kinne taal en tinken wêze? Twa skriuwers dy’t wurkje yn in meartalige werklikheid sykje de grinzen op fan harren libbens- en tinkwrâld en de rol dy’t taal dêryn spilet. Tusken Ljouwert en Amsterdam, tusken Bogiakumu en Jakarta, tusken Charleston en Monster lizze wrâlden fan ferskil en oerienkomst. Sljochtet taal grinzen, of smyt taal just grinzen op? En wat docht it mei dyn wêzen asto in grinsgonger bist yn dyn eigen libben? Snein 8 maart, 15.00 oere yn Het Brouwdok yn Harns, freed 13 maart 20.00 oere yn OBE Ljouwert en tongersdei 19 maart 20.00 oere yn dBieb Burgum. Sjoch foar mear ynfo by Boeken fan FryslânLês fierder

Lomme Schokker

Hoe ‘woke’ wol ik wêze?

logo.ensafh

Wer in nij begryp út Amearika: ‘woke’. ‘Stay woke’ betsjut yn it (Afrikaansk-)Amerikaansk taalgebrûk safolle as it gewaarwurden fan sosjale ûnrjochtfeardichheid, benammen op it mêd fan rasse- en genderdiskriminaasje. ‘Woke’ is de doetiid fan it tiidwurd ‘to awake’, wekker wurde, mar ek: jin bewust wurde. Wy moatte net inkeld algeduerich alert wêze, der moat teffens ek in dúdlik iepenbier stânpunt ynnommen wurde. Der leit in morele plicht ús te oppenearjen om de boel net noch slimmer te meitsjen.

In foarbyld. Yn myn kollum fan desimber oer Peter Handke referearre ik oan it kontroversjeel elemint dat oan dizze skriuwer en Nobelpriiswinner hinget.… Lês fierder

Teleks: Kursus Koartproaza

logo.ensafh

Skriuwe, hoefolle minsken tinke der net oer om dat ris te dwaan? Mar hoe? Wat binne de falkûlen, hoe kinne lêzers yn in ferhaal lutsen wurde, hoe wurket taal? Dat (en mear) komt oan ’e oarder yn in koarte kursus fan trije jûnen.

De kursus giet foarôf oan in skriuwwedstriid en in jûn op 27 novimber 2020. Wedstriid en jûn stean yn it teken fan koartproaza en wurde organisearre troch ensafh. Kursisten, dy’t dat wolle, kinne harren ferhaal ynstjoere, dat dan hifke wurdt troch in sjuery. Sa tingje hja nei in plakje op it poadium en in publikaasje yn Frysk literêr tydskrift ensafh.… Lês fierder

Blog Daam de Vries: Busje komt niet

logo.ensafh

Wy ha hjir yn it wykein justjes wat in pûsterke hân en it twirret noch hieltyd wat nei. Dat wie net allinnich by ús sa mar nei’t ik begrepen ha yn de hiele provinsje. In net neier te neamen beropsekstremist hie it oer in orkaan. Dat klinkt aardich en liket wol wat op hurricane en alles dat wat nei it Ingelsk útskaait hat gâns ympakt. Dat hat ekstremisme fansels útsoarte.

Lês fierder by Daam de VriesLês fierder

Aginda 07-03-20: Annejet van der Zijl spesjale gast op literêre jûn yn Ljouwert

logo.ensafh

Bestsellerauteur en skriuwer fan it nasjonale Boekewikegeskink Annejet van der Zijl is dit jier de spesjale gast op de literêre jûn yn Ljouwert op sneon 7 maart. Oanlieding foar har komst is de start fan de Boekewike én it ferskinen fan de Fryske oersetting fan ‘har’ Boekewikegeskink Leon & Juliette. Njonken Van der Zijl is dêrom ek oersetter Baukje Zijlstra ien fan de haadgasten.

Sjoch foar mear ynformaasje by Boeken fan FryslânLês fierder