Teleks: Frysk pratende Portugeeske no teset oer Frysk ûnderwiis

logo.ensafh

Hegeskoalle NHL Stenden yn Ljouwert hat in nije lektor dy’t har dwaande hâldt mei it Frysk. De Portugeeske Joana Duarte is tenei ferantwurdlik foar ûndersyk nei meartaligens en belêzenens, en foar tapassing fan dat ûndersyk yn it ûnderwiis. Hja wurket sawol yn de provinsje Fryslân as yn Drinte en wol dat de talen Frysk en Nedersaksysk in better plak yn it ûnderwiis krije. Hja liet woansdei by har ynauguraasje sjen dat neffens har meartaligens folle normaler wurde moat yn skoallen: net allinnich de regionale talen moatte mear plak krije, mar ek de skoaltalen en de thústalen fan ymmigrantebern.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Blog Daam de Vries: Gjin Biltsk by Oes Omroep, Oes Taal. En ek gjin Frysk.

logo.ensafh

Gjin arbeidsmigranten yn “Groot Terhorne”. Dat is it binende advys fan pleatslik belang Bitgummole en dêrmei it advys fan it hiele doarp. It is net sa dat elk it dêr mei iens is. Sa prate ik lêsten frij lang mei ien fan de buorlju (en dat wie in oaren as dy’t foar Oes Omroep, Oes Taal wie) en dy tinkt der hiel oars oer. Dan binne der dus op syn minst twa buorlju dy’t it net mei pleatslik belang iens binne.

Lês fierder by Daam de VriesLês fierder

Syds Wiersma

Galway2020: De grutte lytse skriuwer

logo.ensafh

Syds Wiersma reizge ôfrûne simmer twa moannen troch Ierlân om dêr te wurkjen oan in nije dichtbondel. Hy krige dêrfoar in projektsubsydzje fan it Nederlands Letterenfonds. De nije bondel sil ein 2020 ferskine. Foar Ensafh skriuwt er in rige literêre reisferhalen oer syn skriuwerstocht. Hjoed it fyfde ferhaal, it twadde diel oer Galway.

Galway2020
De grutte lytse skriuwer

Hy sit op in ferrinnewearre, stiennen muorke. In jongeseftige, gefoelige, yn himsels kearde man. Mei de hoed wat achter op ’e holle is de hege foarholle sichtber. In sensuele mûle. In stevige, strakke noas. In los dwersstrikje flinterjend oer de blûze. In rom sittend jaske.… Lês fierder

Kollum Hilda Talsma: Dy goede âlde tiid

logo.ensafh

Ik hie ôfrûne wike in petear mei immen oer de mobile tillefoan en ik sei dat ik bliid wie dat ik noch wit hoe’t it is om te libjen sûnder sa’n ding, mar ek hoe’t it gong ast bygelyks fereale wiest. Gjin app of Insta, mar gewoan ôfwachtsje oft dy leuke jonge sneontejûns ek op stap gong. We bellen net sa gau mei innoar, want dat wie net handich.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder