Nij ûndutsen brieven Rixt online
Ofrûne simmer waard it Frysk Dichterskollektyf RIXT ferrast troch in skinking fan dichter Koos Hagen (1939) út Amstelveen. Yn ’e neilittenskip fan syn heit ds. J.C. Hagen sieten fjouwer hânskreaune brieven fan dichteresse Hendrika Akke van Dorssen (1887-1979), bekend wurden ûnder it pseudonym Rixt. Koos Hagen woe dy brieven ta hawwe oan it Frysk dichterskollektyf, om’t de Grouster dichteresse de nammejouster en beskermfrou fan it kollektyf is. Hjoed, op de 41ste stjerdei fan Rixt, biedt RIXT de brieven fan har nammejouster oan Tresoar oan. De brieven binne digitalisearre en kinne hjir neilêzen wurde.
Lês fierder by RIXT
Klik hjir foar de brieven (pdf)… Lês fierder