Woastenijen
Yn in fjild dat ik seach, besiden myn doel,
Dêr’t snie foel en hurd-hurd de nacht oer foel,
Waard de grûn in hast glêde tekken fan snie,
Mei wat lêste rûchte en raaieboel.
Lês fierder by oersetter Klaas van der Hoek… Lês fierder
Woastenijen
Yn in fjild dat ik seach, besiden myn doel,
Dêr’t snie foel en hurd-hurd de nacht oer foel,
Waard de grûn in hast glêde tekken fan snie,
Mei wat lêste rûchte en raaieboel.
Lês fierder by oersetter Klaas van der Hoek… Lês fierder
Ik lies in stikje yn ‘e krante dat gong oer aardich dwaan sûnder oandacht. Datst bygelyks oan immen fregest hoe’t it giet, mar it dy eins neat skele kin. En dat elkenien meastal seit dat it goed giet, wylst it miskien wol net sa is.
Lês fierder by Omrop Fryslân… Lês fierder
Emily Dickinson: Vertaling in Afrikaans. Vert. deur Daniel Hugo
Die rit
(Emily Dickinson: Because I could not stop for Death)
Omdat ek nie vir die Dood kon stop nie
het Hy goedgesind vir my gestop.
In die koets is dit net ons twee –
Onsterflikheid is ons geselskap.
Lês fierder by Versindaba… Lês fierder
Justermiddei hat Aggie van der Meer har nijste boek oanbean oan Stella van Gent. Dat barde tidens de ôfskiedsbijienkomst fan Stella as wethâlder fan de gemeente Súdwest-Fryslân. Aggie van der Meer (92) is de lêste Gysbert Japikspriis winner. Van Gent en Van der Meer krigen ferline jier nei it takennen fan de GJ-priis oan Van der Meer kontakt meielkoar.
Stella rekke aardich ûnder de tsjoen fan de skriuwster en hie har juster útnoege om op de earste rige plak te nimmen. Aggie van der Meer woe graach har nije boek oan Stella oerlangje en sa barde. Ik ha it taspraakje dat Aggie holde opnommen en dat gong letterlik sa:
Lês en sjoch fierder by Henk van der Veer… Lês fierder
Gjin better wapen tsjin ferjitnis as in monumint yn moarmer, mar tombes binne út ’e tiid en in prealgrêf rûkt nei lang fergiene adel. Net ien wit wa’t ik bin en dy’t myn namme kenne, wenje oan myn strjitte yn in doarp fan neat of it meast beskieden stedsje fan de alve. Dêr ha se my stean sjoen yn it finster fan har blauwe enveloppen, op ’e wite sluven fan har kryst- en jierdeikaarten, en kwattelen my jierliks del op ’e earste side fan wer in nije bûsaginda. Mar papier ferliest terrein, wat ik, fjildhear, festinggelearde en útfiner fan myn eigen mortier, al iuwen earder die.… Lês fierder
It is in boek mei in hurd omslach, mei werklik wier prachtige yllustraasjes. Jilles is hjoed myn helpke. It swiere boek wurdt op tafel lein en mei folle oandacht wurdt de foarkant besjoen. It earste wat him nijsgjirrich makket, is it plaatsje fan in wjirm dy’t letters opyt. Dizze, juf, dizze sykje ik op! Mar och hea, dat falt noch net ta. Der steane safolle moaie plaatsjes yn, en wêr stiet it ferhaal mei de wjirm?
Lês fierder by Antje Feenstra op Heit&Mem… Lês fierder
Provinsjale Steaten geane akkoart mei de nije provinsjale kultuernota ‘Nij Poadium’ fan 2021 oant 2024. Wol moat der op guon flakken wat oanpast wurde. Sa wolle de measte partijen mear omtinken foar amateurkeunst, jonge makkers en de konkurrinsjeposysje fan lytsere musea yn fergelyk mei grutte musea.
Lês en harkje fierder by Omrop Fryslân… Lês fierder