Teleks: It stellen Gerben Rypma-tsjirkje is ynienen wer opdûkt yn Aldegea

logo.ensafh

It byldsje fan in tsjirk dat ta neitins oan skilder en dichter Gerben Rypma yn Aldegea (SWF) stie en dat der ôfrûne wike weihelle is, is ynienen werom. Bestjoerslid Ida Feenstra wie nei it Brekkenpaad ta gien om in boerd op te hingjen om út te lizzen dat it keunstwurk ferdwûn wie. Mar doe’t sy dêr kaam, stie de tsjirk wer op de sokkel.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Lomme Schokker

De búste fan Beethoven

logo.ensafh

Noch hieltyd stiet de globe, dêr’t ik yn de earste klasse fan de Mulo foar myn jierdei om frege, yn de Lundiakast op myn jongeskeamer. De ferljochting docht it net mear en hy hinget wat wankel op it plestikken fuotstikje efteroer. It ding hat syn tiid útsitten, de wrâld hat him ynhelle en ik wol him net mear sjen. Oan de ûnderkant brânt Australië, de reinwâlden fan de Amazone lizze der net folle better by, de Noardpoal is aardich lytser as wat er west hat en de Sovjet Uny bestiet al gjin tritich jier mear. Eins funksjonearret dizze globe inkeld noch as konversaasjestik, mar dêrfoar komme te min minsken by my oer de flier.… Lês fierder

Besprek ‘Karlsson fan it dak’

logo.ensafh

Doe’t ik ‘Karlsson fan it dak’ lies, krige ik fuortendaliks it Astrid Lindgren-gefoel. Wat dat is, kin ik net hielendal yn wurden fange, mar se kin bern sa delsette datst it ferhaal fanút de haadpersoan meibelibbest. Doe’t ik in stikje foarlies oan myn soan fan njoggen, siet ek hy fuortendaliks yn it ferhaal. Wat dat oanbelanget, kompliminten foar de oersetting troch Martsje de Jong.

Lês fierder by Antje van Schepen op Heit & MemLês fierder