Deze apps zijn onmisbaar voor schrijvers

logo.ensafh

Je telefoon kan een afleiding zijn van die grote roman die je op papier wil zetten. Je krijgt maar berichtjes van alle verschillende apps en je kijkt toch weer op van je schrijfprogramma. Zelfs als hij omgekeerd ligt met het scherm naar beneden en het hoesje naar boven. Toch zijn er een aantal apps die je schrijfleven een stuk makkelijker kunnen maken.

Lês fierder by Schrijven OnlineLês fierder

Henk van der Veer

Amor vincit omnia

logo.ensafh

 

                                                                                               foar pastoar Van der Weide

siën um dêr tòch staan sundach na sundach na sundach
ex cathedra in ’e houten broek fan Sint Martinus
an ’e dempte Singel tussen hemel & aarde
ferkondegt hij ut woard fan dy andere timmermanssoan

om de frêle skouders un mouloas opperkleed
kleurech kasuifel fan duur linnen over albe, stola en singel

wat besiëlt jou tòch eigen freemdeling út Bòlsert
om ut fòlk kear op kear te onderwizen út ’e Skriften
is ut de geur fan wierook út oasterse kontreien
de mysterieuse klanken fan de Latynse hoochmis miskyn

wat is ut tòch dat jou je woanderskoane warme sang
as un vox populi, vox Dei – de stem fan ut fòlk, de stem fan Gòd-
onfermoeiber klinke late sundach na sundach na sundach

avens nippend an un goëd glas roaie wyn
foële jou je as un Roomse Bourgondiër thús in dit
Kalvinistise Sneker bòlwerk fan ’e Kleine Luyden!Lês fierder

Teleks: Feestlike ynstallaasje fan Lida Dykstra as Berneboeke-ambassadeur

logo.ensafh

Lida Dykstra sil woansdei 22 jannewaris feestlik ynstallearre wurde as Berneboeke-ambassadeur. It feest fan takom wike is it offisjele startsein foar Lida Dykstra as Bernboeke-ambassadeur fan Fryslân.

Lida Dykstra (foto: Barbara van Rijn/Bluet Foto)

De kommende twa jier sil sy de promoasje fan Fryske berneboeken en de Fryske taal in gesicht jaan. Op School Loevestein op ’e Gordyk sil wethâlder Libbe de Vries yn it bywêzen fan alle learlingen de amtsketting by Lida om ’e nekke hingje, it teken dat sy offisjeel yn tsjinst is as Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Kollum Hilda Talsma: Us swarte goud

logo.ensafh

Ofrûne sneon koe ik noch krekt de finale fan de hynstekeuring op ‘e telefyzje sjen, wylst ik dêr it ferline jier trije dagen west ha. Ik wie dêr om de sfear te priuwen yn ferbân mei myn nije boek, dus doe’t ik it dizze kear thús seach, wist ik wol hoe’t it WTC-Expo stiif stiet fan de spanning en emoasje oangeande ús swarte goud. Wat is it dochs mei dy hynders, dat se streekrjocht in wei fine nei ús hert?

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Besprek ‘Myn moaiste mearkes’

logo.ensafh

De freeds foar de fakânsje wurdt in dikke slúf besoarge mei it boek ‘Myn Moaiste Mearkes’ deryn. In hiel dik boek, mei in prachtige sprookjesachtige foarkant, mei elfkes, glitters en in donker kastiel derop.

De wike dêrfoar hiene we op it Lemster Dickensfestival west en dêr ha we troch it sprookjesbosk rûn, ús Rymer (5) fûn dat machtich en wie foaral bot ûnder de yndruk fan de wolf en readkapke. Dus dat wie it earste mearke dat wy lêzen ha yn ús nije boek.

Lês fierder by Amanda op Heit & MemLês fierder

Aginda 31-01-20: FreMiBu foar skriuwers en dichters

logo.ensafh

De FreMiBu is in treffen op in ynformeel en sfearfol plak dat net ôfhandich gelegen is.
Grand Café Wouters oan it stasjonsplein yn Ljouwert foldocht skoan oan de kritearia.

Alle kearen in ferrassing wa’t fan de kollega’s opdaagjen komme en hoe smout of besteklik oft it petear oan tafel wurdt, mar dat wurdt it wol!

De FreMiBu is op elke lêste freed fan de moanne.

Wa’t it in kear net skikt, mar wol komme woe – gjin noed! Elke oare moanne is der wer in FreMiBu…

Ynrintiid: healwei fiven oant seis oere, elk mei fansels bliuwe oant slutingstiid fan Wouters.

Dit is in partikulier (lês: net subsidearre; lês: der hoecht gjin ferantwurding ôflein te wurden, lês: jim betelje jim eigen drankjes en bitterballen) ynisjatyf, foaral bedoeld om mei inoar te praten en te drinken en yn ‘e kunde te kommen mei de oare bodders yn de Fryske literatuer.… Lês fierder