Ferslach Winterjûn yn Teehûs fan minykemping Slappeterp

logo.ensafh

Op útnûging fan RIXT-dichter Peter Vermaat sieten der op 3 jannewaris lêstlyn ferhalefertellers, foarlêzers, besibbe sielen, dichters en muzikanten yn it mei in gaskachel goed opstookte teehûs fan de minykemping yn Slappeterp.

Utgongspunt fan de jûn wienen de tema’s ‘tiid’ en ‘siel’ nei oanlieding fan de twa fersen fan Rutger Kopland: ‘Tijd’ en ‘Over de ziel’. Dat binne twa ûnderwerpen dêr’t al in soad oer skreaun en wreaun is en dat yn ’e takomst noch in soad dien wurde sil. Mei oare wurden koenen de dielnimmers dêrmei skoan út ’e fuotten.

Lês en sjoch fierder by Geart Tigchelaar op RIXTLês fierder

Teleks: Blog Cornelis van der Wal ‘De ein fan Fers2?’

logo.ensafh

Ornaris wurdt it *kuch* literêre tydskrift Fers2 om ‘e 14 dagen ferfarske, mar it lêste berjocht is fan 15-12-2019. Op ‘e side stiet: ‘Fers2 komt om ’e fjirtjin dagen op it ynternet út as Fers2.eu. Fers2 hat gjin paywall: alle stikken binne frij tagonklik.’ Soe dit de ein wêze fan in tydskrift dat neist in strieminne foarmjouwing ek in betiden frijwol ûnlêsbere ynhâld hie?

Lês fierder by Cornelis van der WalLês fierder

Never date a poet. They’ll always do the dirty on you

logo.ensafh

Fifty years after her death, the letters that Emily Hale, a woman described most frequently, and tellingly, as “muse”, received from the poet TS Eliot were released by Princeton University, as per her instructions. They largely cover the period between 1932 and 1947, beginning 20 years after Hale and Eliot had first met at Harvard Graduate School; in between, Eliot had married Vivienne Haigh-Wood, from whom he formally separated in 1933.

Lês fierder by The GuardianLês fierder

Blog Daam de Vries: Frou Botma

logo.ensafh

It libben wurdt wer in bytsje gewoan, Foar safier’t ik it besjen kin wie juster teminsten foarearst de lêste kear fan útwrydske iterij bûten de doar. Jo hearre my fierder net kleien, ik mei hast alles en yn tsjinstelling ta guon resinsinten bin ik noch nea in plak tsjinkommen dêr’t it net yn oarder wie. Ik bin bang dat sokke resinsinten thús gewoan hielendal neat krije.

Lês fierder by Daam de VriesLês fierder

Kollum Jan Schokker: Einjiersflechtfûgel

logo.ensafh

Ik soe neat sizze. Fansels soe ik neat sizze, se soe my omprate wolle, se soe lilk wurde, my útlaitsje. Of my fuortsjen. Dat soe noch it slimste wêze.

Ik ha de pest oan dizze ‘plestikdagen’. It iennige geunstige is dat de bern mei harren lytse doerakken delkomme. Dat past aardich by it ôfsluten fan it jier. Krektlyk dy pear dagen frij, dêr mei ik ek wol oer. Wat útrêste fan it deistich krewearjen om ris in pear minuten te meditearjen. Soks soe alle moannen eins wol in goed ding wêze. Wêrom inkeld ûnder sa’n pronkjend plestiken glinsterjende beam? En dan âldjiersjûn, as de measte minsken idioat de frustraasjes de wrâld ynknalle.… Lês fierder

Sybe Sybesma

Neilitten wurk fan Sybe Sybesma: Fjouwer kwatrinen

logo.ensafh

Neilitten wurk fan Sybe Sybesma

Yn nû. 6 fan de ‘papieren’ edysje fan ensafh is poëzy opnommen fan de yn 1986 ferstoarne dichter Sybe Sybesma. Sybesma is de dichter fan in lyts oeuvre – fan him kamen twa bondels út: En marge en Op ’e râne. Mar der wie dus mear. By de bruorren en suster fan de dichter is neilitten wurk fan him oantroffen troch syn omkesizzer Rint Sybesma en dy syn soan Sybren. Sy hawwe dêrút in seleksje gearstald en dy ta publikaasje oanbean oan Ensafh. De redaksje hat dêr wer in kar út makke.

Hjirûnder folgje noch fjouwer neilitten kwatrinen fan Sybe Sybesma.… Lês fierder