Aginda 27-12-19: FreMiBu foar skriuwers en dichters

logo.ensafh

De FreMiBu is in treffen op in ynformeel en sfearfol plak dat net ôfhandich gelegen is.
Grand Café Wouters oan it stasjonsplein yn Ljouwert foldocht skoan oan de kritearia.

Alle kearen in ferrassing wa’t fan de kollega’s opdaagjen komme en hoe smout of besteklik oft it petear oan tafel wurdt, mar dat wurdt it wol!

De FreMiBu is op elke lêste freed fan de moanne.

Wa’t it in kear net skikt, mar wol komme woe – gjin noed! Elke oare moanne is der wer in FreMiBu…

Ynrintiid: healwei fiven oant seis oere, elk mei fansels bliuwe oant slutingstiid fan Wouters.

Dit is in partikulier (lês: net subsidearre; lês: der hoecht gjin ferantwurding ôflein te wurden, lês: jim betelje jim eigen drankjes en bitterballen) ynisjatyf, foaral bedoeld om mei inoar te praten en te drinken en yn ‘e kunde te kommen mei de oare bodders yn de Fryske literatuer.… Lês fierder

Kollum Willem Schoorstra: De wolf fan Fryslân

logo.ensafh

Der is in Sweedsk mearke dat Wolven yn de krystnacht hjit. Dat kin jûn moai yn alle húshâldens foarlêzen wurde. Ljochten út, kearzen oan, hartstikke smûk. Hartstikke tapaslik ek, want der is ommers in wolf yn de bosk by Bakkefean sinjalearre wurden. Dan kriget sa’n ferhaal toch in ekstra diminsje. Lykas de bosk by Bakkefean troch de wolf in mearkeseftige diminsje kriget. Dêr meie wy dat bist tankber foar wêze, want no liket it krekt as is it oanharke en beblêdblazere túntsje fan Bakkefean in echt bosk.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Beart Oosterhaven

Feteranefolk

logo.ensafh

2019 wie in produktyf jier wat de feteranen ûnder de Frysktalige sjonger-lietsjesskriuwers oanbelanget. Begjin febrewaris kaam fan Sytse Haima (*1960) syn twadde solo-album Tsjin better witten yn? út en yn july respektyflik augustus ferskynden, fuort efterinoar, de cd’s Op ’n Paad fan Gurbe Douwstra (*1954) en Set ’m op fan Jaap Louwes (*1955) en syn begeliedingsgroep De Lossebinde.

Sizzenskrêft

Op ’n Paad is it fjirde album fan Gurbe Douwstra, nei Dizze stoarm (2001), Myn eigen paad (2005) en Thús (2010). De skiif telt yn krapoan fjirtich minuten tsien nûmers, allegearre op tekst fan ’e útfierder Gurbe Douwstra sels. Wat it sjongen oanbelanget, lit Douwstra him yn ’e koarkes bystean troch it natuertalint Gerbrich van Dekken.… Lês fierder

Teleks: Nij fers Dichter fan Fryslân Nyk de Vries ‘Hoe komt it moarn?’

logo.ensafh

 

 

De sjauffeur begrypt har wol. De krystfilms sitte der fol
mei, syn bussen likegoed – minsken dy’t it leafst de
feestdagen foarbyride.

Sy kin it net ferneare. Hyperkrigel wurdt se derfan – it
moaiwaar spyljen, it wagen fan ‘e wurden om ‘e saak
feestlik te hâlden, om âld sear yn ‘e kast te litten.

Lês fierder by Dichter fan FryslânLês fierder