Ik wie dwaande mei in passaazje dy’t nochal fulgêr en liderlik waard, doe’t it yn my opkaam om dêr klassike muzyk by klinke te litten.
Lês fierder by Omrop Fryslân… Lês fierder
Ik wie dwaande mei in passaazje dy’t nochal fulgêr en liderlik waard, doe’t it yn my opkaam om dêr klassike muzyk by klinke te litten.
Lês fierder by Omrop Fryslân… Lês fierder
Henk Wolf: Ik ha de tekst fan myn ferhalebondel Wûnderaardichheden út 2006 as pdf-bestân op dizze website set. It boek is al jierren net mear te keap. Spitigernôch koe ik gjin ferzje mear fine mei de tekeningen fan Mudhoen deryn.
Lês fierder by Henk Wolf… Lês fierder
Takom jier sil de arke dy’t earder taheard hat oan skriuwer Rink van der Velde (1932-2001) wer beskikber wêze foar in skriuwer of dichter dy’t yn alle rêst dwaande wêze wol mei Fryske literatuer of literatuer yn in oare streektaal fan Fryslân. (Foar Hollânsktalich wurk wurdt troch it Nederlands Letterenfonds it Roland Holsthûs yn Bergen, Noard-Hollân beskikber steld.) De arke leit yn in petgat oan de Drachtster Heawei tusken De Wylgen en De Feanhoop.
Skriuwers of dichters dy’t noch net earder yn totaal seis wiken yn de arke oan it wurk west hawwe, kinne oanjaan hokker wiken (net mear as seis) hja nei de arke ta wolle.… Lês fierder
Gek op keningshuzen bin ik net. Sa’n baantsje dat jo erve, ’t is in nuvere konstruksje. Der is lykwols ien Majesteit dy’t ik heech achtsje en dy’t myn uterste soarch krijt: de moer, de keninginne fan myn bijefolken. Oars as by de minsken bepaalt dy keninginne, mei de genen fan de darren (de mantsjebijen), it karakter fan har folk, de wurkbijen.
Lês fierder by Douwe Kootstra… Lês fierder
Der is ien reden om wol in bondel te meitsjen. Foar de eare en rom. Foar de mooglikheid om literêre prizen te winnen. No, it skynt dat ik ferline wike wat wûn ha, mei in hiel soad oare dichters. De Piter Jelles Troelstrapriis gie nei it projekt Poetic Potatoes. Net dat ik der wat fan meikrigen ha, ik wie net iens útnoadige foar de priisútrikking.
Lês fierder by Sigrid Kingma… Lês fierder
As hie ’k gjin Ear, sa hearde Ik,
Oant der in Wurd fol Lûd
Fan ’t Libben ta my kaam, fan fier,
En ’k wist, no hear Ik goed ‑
Lês fierder by oersetter Klaas van der Hoek… Lês fierder
Sipke de Schiffart is dichter fan de moanne desimber by RIXT
generaasjekleau
ús heit wie in âlderwetske boer,
hy gong moarns om healwei fjouweren
oant wurk
en ferwachte fan my itselde
mar ik wie in heale ieu jonger
en gong jûns let op bêd,
nei’t ik sjoen hie nei
Veronica en de VPRO,
dêrom kaam ik moarns letter fan ’t bêd ôf
…
Lês fierder by RIXT