Kollum Ferdinand de Jong: Busreiske Auschwitz

logo.ensafh

It iepenbier ferfier is net echt myn ding. Ik tink dat in soad Friezen der krekt sa oer tinke, nettsjinsteande de ferwoeden ynspannings fan deputearre Johannes Kramer om mear minsken de bus yn te krijen. Wy Friezen hechtsje oan ús auto, omdat sa’n bus faaks net op de tiid dy’t jo wolle op in bepaald plak komt. En by de measte Friezen is it no ienkear sa dat tiid tiid is. As je om njoggen oere earne wêze moatte, komme net om kertier oer njoggenen oanskiten omdat de bus der net earder wie.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Blog Jaap Slager: Bin ik no sa dom of…

logo.ensafh

Wat ûnkrekter wat moaier
Ja, roppe jim al yn koar, noch foar´t ik de titel goed en wol ôfbreide haw, hahaha.
Mar wier, bytiden wit ik it net mear. Ik jou grif ta dat der in snuorje west hat dat men suver wee yn it liif waard fan ´e politike krektens, mar op it heden lykje wy in rite te hawwen fan: wat polityk ûnkrekter wat moaier. Is it tsjintwurdich ferbean en brûk jins harsens noch, of is it langer net fertroud en jou in besonken oardiel?

Lês fierder by Jaap SlagerLês fierder

Teleks: ferhalewedstriid Boeken fan Fryslân

logo.ensafh

Stichting Boeken fan Fryslân (BFF) skriuwt in ferhalewedstriid út foar lêzers, yn it ramt fan it BoekWinterBoekfeest, dat op freed 31 jannewaris 2020 yn Café de Bakkersdochter yn Snits holden wurdt. Elkenien wurdt fan herten útnûge om in koart ferhaal fan 500 à 600 wurden te skriuwen yn it Frysk of yn ien fan de Fryske streektalen. It tema foar it feest en dus ek it ferhaal is ‘Koek en Sophie’.

De winner wurdt op it feest sels bekend makke en mei dan syn of har ferhaal foardrage oan it publyk. Dat betsjut fuortendaliks in live-optreden mei oare Fryske skriuwers, lykas Sipke de Schiffart, Willem Schoorstra, Klaas Jansma, Baukje Zijlstra en Henk van der Veer, en live-muzyk fan it duo Weima & vd Werf.… Lês fierder

Blog Klaas van der Hoek: Obe yn Mokum

logo.ensafh

Wylst der op Twitter werris wrokkich folk, mei blokkearfriezinne Jenny Douwes foarop, tekeargong tsjin it ferdjerlike Amsterdam, teagen yn dy stêd sa’n sechtich minsken nei it poëzypoadium Perdu foar in jûn oer Obe Postma. Seis sprekkers en performers gongen dêr oan de Kloveniersburgwal, middenyn dy freeslike Grachtengordel, gear oer it wurk fan de Fryske plattelânsdichter by útstek.

Lês en sjoch fierder by Klaas van der HoekLês fierder

Syds Wiersma

Brandon Creek

logo.ensafh

Syds Wiersma reizge ôfrûne simmer twa moannen troch Ierlân om dêr te wurkjen oan in nije dichtbondel. Hy krige dêrfoar in projektsubsydzje fan it Nederlands Letterenfonds. De nije bondel sil ein 2020 ferskine. Foar Ensafh skriuwt er in rige literêre reisferhalen oer syn skriuwerstocht. Hjoed diel 3.

Brandon Creek

Sneintemoarn betiid. Moai helder waar. Neffens Helen, de boerinne by wa’t ik in keamer hier, is de oseaan hjoed in skoathûntsje. ‘Kinst it der wol op weagje,’ seit se. ‘It kin wolris let wurde foar’t ik jûn thús bin,’sis ik. ‘Ik wit net hoe’t it komt as ik tsjin ’e jûn noch fan de westein fan Dingle nei Camp weromlifte moat.’… Lês fierder