Kollum Karel Gildemachter: Taalpurist

logo.ensafh

In moanne lyn waard it kongres fan Onze Taal holden. Onze Taal is in feriening mei in tydskrift fan minsken dy’t niget ha oan it Nederlâns. Soks is der net foar it Frysk. Immen dy’t by de yngong yn de rige stie, sei tsjin in buorman: “Wat leuk, zoveel taalfreaks.” “Taalliefhebbers, meneer”, wie it beskie. Grif sei dy buorman dat heal pûlemûlkjend sa’t taalpuristen dat kinne. Guon Friezen ha sa’n kekenens ek oer har. It is noait echt genôch.

Lês en harkje fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: In nij Frysk Biografysk Ynstitút moat Fryske libbensferhalen fuortbringe

logo.ensafh

Der moat in Frysk Biografysk Ynstitút komme. Dat is alteast it plan fan Tresoar, Historisch Centrum Leeuwarden, it Biografie Instituut fan Ryksuniversiteit Grins en útjouwerij Bornmeer-Noordboek. Om sa’n ynstitút op te rjochtsjen wolle sy in gearwurkingsferbân oprjochte, foarearst ûnder superfyzje fan it Biografie Instituut. Doel: it finansierjen en begelieden fan biografyen fan Friezen.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Alve kânshawwers foar literêre Piter Jellespriis 2019

logo.ensafh

Alve kandidaten meitsje dit jier kâns op de literêre Piter Jellespriis. Dy ûnderskieding wurdt ien kear yn de fjouwer jier útrikt, oan in persoan of projekt dy’t in bydrage leveret oan de Fryske of Nederlânske taal.

De nominearren binne:

Tsead Bruinja, Kapstôk: gedichten (2018);
Josse de Haan, Reade snie en swarte hagelstiennen: novelle (2016);
Elske Kampen, Ynbyld: gedichten (2017);
Sipke de Schiffart, Oan dy tinke leafdesgedichten dy ’t it bestean wat lichter meitsje (2017);
Jannie Regnerus, Nachtschrijver: roman (2017);
Collectief Heksenhamer, diverse theater- en liedteksten;
Willem Schoorstra, De nacht fan Mare (2017);
Janneke Spoelstra, De parallaks (2019);
Project Poetic Potatoes.… Lês fierder

Aginda 17-11-19: Noflike middei mei Grytsje Kingma en Johan Veenstra

logo.ensafh

Op sneintemiddei 17 novimber fan 14.00 oere ôf sille sjongeres Grytsje Kingma en ferteller Johan Veenstra tegearre in noflike middei fersoargje yn de Kleastertsjerke fan Koartehimmen (ûnder Drachten). Veenstra syn ‘Stellingwarver verhaelen’ wurde ôfwiksele mei lieten fan Kingma. Hja hawwe in ôfwikseljend en moai oanslutend programma gearstald.

Sjoch foar mear ynformaasje by It NijsLês fierder