Teleks: Ferslach iepening tentoanstelling Waling Dykstra

logo.ensafh

Mei sa’n 150 minsken wie der freed gâns belangstelling foar de iepening fan de tentoanstelling oer Waling Dykstra. Bert Looper, direkteur fan Tresoar, ferwolkommet de oanwêzigen. Yn syn iepening leit Looper de link tusken de tiid fan Waling Dykstra en hjoed-de-dei. Waling Dykstra learde de Friezen har taal te lêzen en te skriuwen en der yn te sjongen en te toanielspyljen. Tsjintwurdich is it literêre klimaat o sa artistyk en boeiend mei wer nije oerdrachtsfoarmen om taal en kultuer ûnder de minsken te bringen.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Taspraak Abe de Vries by Iepening tentoanstelling ‘Foarútgong’ oer Waling Dykstra

logo.ensafh

‘Op ‘e tentoanstelling te Ljouwert haw ik ienkear west’, skreau Waling Dykstra op 30 augustus 1877 oan dûmnysdochter Geertrui Jentink út Nijlân. ‘Dêr is mear te sjen as âlde fodden en stikkene pannen. Ik ha yn ’t sin om der noch ris hinne. As ‘k der in ferslach fan skriuwe soe, moast ik der nou en dan ris komme kinne, en dêrta wenje ‘k der te fier ôf. Ik haw eigentlik dat plan al farre litten, ek al om ’t alle oare kranten in ferslach jouwe. Nou tink ik der al oer om dêr by’ t winter wat fan op te snijen, as ’t my slagje wol om ’t yn in goede foarm te jitten.’… Lês fierder

Kollum Hilda Talsma:

logo.ensafh

Foardat wy begûnen te skûtsjesilen yn 2007, gongen wy altyd mei de bern te farren yn ‘e boufak en meastal sieten wy dan op Skylge of Skiermûntseach. Fytse, fiskje, farre, krabben fange en drûchfalle; it wiene moaie tiden. Us earste fakânsje mei de bern nei it bûtenlân wie yn ‘e hjerstfakânsje fan 2007. De reis gong nei Súd-Frankryk, omdat it net sa lang fleanen wie.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Blog Joep van Ruiten: Groningen vs. Friesland, Friesland vs. Groningen

logo.ensafh

Een aantal jaar geleden bedacht de directie van de NDC Mediagroep, de uitgever van Noord-Nederland, dat het goed zou zijn als Dagblad van het Noorden en de Leeuwarder Courant nauwer zouden samenwerken. Win-win. En minder kosten.

Ter voorbereiding werd een aantal vergaderingen belegd, waarbij als eerste hindernis de vergaderplek moest worden bepaald: Friesland of Groningen. Overleg in Drenthe was nooit aan de orde.

Bij een van die vergaderingen, in Drachten, werd gepassioneerd gesproken over de gemeenschappelijkheid in de drie provincies. “We maken allemaal deel uit van het Noorden”, riep iemand uit Groningen. “Friesland hoort niet bij Noord-Nederland”, wierp iemand uit Friesland tegen.… Lês fierder