Aginda fan 21-09-19 ôf: Tentoanstelling ‘Waling Dykstra – Foarútgong’ en ferskate aktiviteiten yn Obe

logo.ensafh

Tentoanstelling ‘Waling Dykstra – Foarútgong’ yn Obe
Fan 21 septimber ôf is der in tentoanstelling oer Waling Dykstra te sjen yn Obe. Waling Dykstra (1821-1914), bakker, boekbiner en -ferkeaper, is ien fan de belangrykste grûnlizzers fan de Fryske literatuer. Likernôch 75 jier lang hat dizze autodidakt de Friezen leard om har eigen taal te lêzen, te skriuwen en om der yn te sjongen en toaniel yn te spyljen. Syn ynfloed as skriuwer, dichter, sjoernalist en folkskundige op de Fryske taal en kultuer is grutter as dy fan hokker oare skriuwer ek. Syn maatskippij-krityske toan, striid foar it Frysk en ynset foar sosjale rjochtfeardigens en emansipaasje fertsjinje mear as hûndert jier nei syn dea ús folle omtinken.… Lês fierder

Aginda 14-09-19: Jubileum FLMD

logo.ensafh

Jubileum FLMD

Hjoed 10 septimber is it 60 jier ferlyn dat de stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD) oprjochte waard. Yn 2002 is stifting FLMD mei twa oare ynstellings fierder gien as it hjoeddeistige Tresoar.

It bestjoer fan de stifting FLMD nûget jo fan herten út om it 60-jierrich jubileum feestlik mei harren te fieren op sneontemiddei 14 septimber fan 15.00 oant 18.30 oere yn Tresoar.

Programma
15.00 oere – ynrin mei kofje en tee
15.30 oere – wolkom troch foarsitter Willem Verf
15.35 oere – FLMD oant en mei 2002, troch Tineke Steenmeijer–Wielenga
15.50 oere – gedichten en sang Elise Westerhof
16.05 oere – oanbieding Frysk literêr presintsje oan in tal 60-jierrigen
16.15 oere – Frysktalige poetry slam, in priuwke
16.45 oere – Fryske literatuer binnen Tresoar troch Bert Looper
17.00 oere – neisit mei in hapke en in drankje… Lês fierder

De beste apps als je een boek wilt gaan schrijven

logo.ensafh

Technologie en schrijven: de ene schrijver gruwelt ervan, de andere maakt optimaal gebruik van alle voordelen die digitale snufjes de creatieveling te bieden hebben. Er bestaan verschillende apps die je kunnen helpen bij je s [Bron Pixabay] [Bron Pixabay] chrijfwerk – bijvoorbeeld om de creatieve stroom op gang te brengen of om structuur aan te brengen. Wij tippen er een paar.

Lês fierder by Schrijven OnlineLês fierder

Kollum Willem Schoorstra: It meunster fan Loch Ness

logo.ensafh

It wie in lyts berjocht tusken al it grutte nijs oer de Brexit, de swierrichheden yn de jeugdsoarch, it teien fan de iiskap op Grienlân en de mear as in heal miljoen bern dy’t noait nei de toskedokter ta gean. Ik doel op it berjocht oer Loch Ness, en dat it meunster dêryn in iel wêze soe. In reuze-iel, dat wol, mar likegoed in iel. Ik rekke op slach yn in eksistinsjele krisis. Wiene der dan hielendal gjin wissichheden mear?

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Henk van der Veer

Ouwe maten

logo.ensafh

foar Corrie Rameau

allienech dy poëtise Fraanse achernaam fan dij
-binne de Rameau’s afstammelingen fan’e Hugenoaten?-
deed ut hart feller kloppen

dou, jonkje út de Winsemiusstraat fan ’e good-old Noarderhoek
sochst al froech dyn grênzen op as postboade in ut goddeloase Mokum
– un moai endsje ferder as de Ivige Leane dêr’t wij tegare
op goëdkope gympy’s de Avondvierdaagse bedwongen! –

sufeul jaren later sú ik dy monstertòcht op houtsjes
fan Nooitgedacht nòch wear us met dij ride wille over
ut bobbeltsje-ies fan de Franekerfaart richting ferlaten Turns

ut sal nou’t wij de ses krúskes op’e ruch hewwe
wel bij un nostalgys ferlangen bliëve
hoochút un slagje deur ut Wilhelminapark op sundachmòrren
op fraaie lakskoënstsjes met un print fan Herman Brood

tegare nòch een kear de Wilhelminaparkgeiten skillen
– fan buurman Earpeltsje Holkema!-Lês fierder

Teleks: Dit is ús taal

logo.ensafh

Taal is altyd yn beweging. Sa ek de Fryske taal. Mei de komst fan sosjale media feroaret ek de posysje fan it Frysk. Der wurdt mear Frysk skreaun as oait, jongerein dielt massaal Frysktalige memes en de Frysktalige band De Hûnekop is populêr by in breed publyk. Programmamakker Miranda Werkman ûndersiket wat it effekt dêrfan is op de Fryske taal en taalbelibbing en hoe’t it krekt kin dat Frysk sa populêr is by de jeugd. Oanslutend is de earste ôflevering fan Picture Poems te sjen: Fryske gedichten yn byld brocht.

Lês fierder by It NijsLês fierder