Lomme Schokker

Moaie Sibbel en har Domela

logo.ensafh

Sibbel, fertelde beppe, wie sa fûl as in skjirre en koe merakels goed sjonge. Earst siet se noch op de sjongferiening fan it doarp, letter bedarre se by it koar fan de frije sosjalisten yn Snits. Dy frije sosjalisten wiene fanatike folgers fan Ferdinand Domela Nieuwenhuis, de grutte anargist. Fan him moast beppe Trientsje oars ek net folle ha. De antykrist, sei se, mei syn trochdraaide harsens en de kop yn de wolken. Beppe stie folle mear oan de kant fan mannen as de Gordykster foarman Geart van der Zwaag en Piter Jelles. Stride, ja, mar doch mar gewoan. Sa net moaie Sibbel, sei beppe, dy hie al wakker mei har Snitser weakskiter fan de frijheid preaun en wie dêrnjonken neffens har syklik fiksearre op de beburde Kristuskop fan dy Domela.… Lês fierder

Blog Anna Heegstra: tutte

logo.ensafh

It heugt my noch skoan dat der eartiids op de legere skoalle in foardrachtwedstriid hâlden wurde soe op de boppeseal fan it kafee … as doarpshûs, dêr wol’k ôfwêze. Moaie gedichten moasten wy fan master út de holle opsizze kinne. Hy liet ús earst heare wat as de bedoeling wie en droech sels guon fersen kalm en dúdlik foar. Van der Vlugt koe dat as gjín oar!

Lês fierder by Anna HeegstraLês fierder

Blog Jaap Slager: Tatoeaazjes en polityk

logo.ensafh

Dizze jonge ferpartet it minskdom yn twa groepen. “Net botte nuansjearre,” soe ús Rink skreaun hawwe, “mar wol oersichtlik.”
De iene groep is slij nei tatoeaazjes en lit him witwêr teheisterje. De oare groep mei tatoeaazjes beslist net lije, dy lju kinne se net sjen al is it noch sa – hja hawwe it efter de earmtakken, harren tatoeaazje. Of op ´e rêch, of yn ´e nekke, of… witwêr salang´t se harsels mar net oan dy griemerij steure hoege.

Lês fierder by Jaap SlagerLês fierder