Pride and prejudice: the best books to help with coming out

logo.ensafh

Everyone needs books, particularly the newly gay. Books make us feel less alone, and there is nothing more strengthening than reflections of our own complicated selves.

Yet most of the best books that might help with coming out are simply about the private yearnings we try to hide. Bookshops’ rainbow-jacketed YA fiction displays will change young lives; thank God for that. But all over the world there are women and men to whom exposure would mean imprisonment, disaster. For them, and all those who aren’t riotously born that way, great coming out books are often those whose protagonists come out to no one at all, not even themselves, yet which have a thrilling whiff of queerness.… Lês fierder

Teleks: Fryske bondels oanbean yn de Hollannerwyk

logo.ensafh

Kafee ‘De Basuin’ makke earder fan’t jier syn entree yn de Fryske literêre wrâld doe’t dêr de nijjiersboarrel fan it Skriuwersboun wie. Snein trokken de leafhawwers fan poëzij nei it kafee op de krusing fan de Nije Hollannerdyk en de Ljouwerterstrjitte foar de presintaasje fan de nije bondels fan Syds Wiersma (Lân sûnder ljurk) en Gerrit de Vries (Unlân).

De kar foar ‘De Basuin’ komt op it konto fan Wiersma, dy’t hjir faker komt, want op in skerm draaie skerpe argyfbylden fan Ljouwert út de jierren tritich en earder noch. Se komme út it Frysk filmargyf, dêr’t Wiersma wurket, en binne sa helder dat it liket as binne se krekt foar it earst ûntwikkele.… Lês fierder

Blog Daam de Vries: ‘Ik heb geen indicatie…’

logo.ensafh

Wy hawwe in kostlike reis efter de rêch. In loopke fan 400 km. De earste 200 km yn in bestelbus, de twadde 200 km yn in bestelbus en op in trekker.

Alles wie tige goed taret. Ik hie bygelyks twa brillen by my, in potlead, twa pennen, in liter wetter, krintepofkes en in doaske brânhoutsjes. Want jo sille altyd sjen dat healwei sa’n reis de fjoeroanstekker leech is en dan ha jo in grut probleem. Fierder wie ik wapena mei in rûtebeskriuwing fan 21 kantsjes A4, fytsrûte. Want jo kinne wol kieze foar ‘snelwegen vermijden’ mar dan stjoere se jo likegoed allerhanne diken op dêr’t gjin trekkers komme meie.… Lês fierder

Blog Geart Tigchelaar: Na obisku pri Slovencih v Italiji

logo.ensafh

Wy kinne alwer in lân fan ús list ôfstreekje, mei’t wy Italië efter ús litten hawwe. Ut soarte hawwe wy net mear as it noarden fan it lân sjoen, mar wat in diversiteit! De earste pear hûndert kilometers troch Súd-Tirol wie klearebare willewurk, mei’t wy oars net hoegden te dwaan as perfekte fytspaden by streamkes en rivieren del te folgjen. Neidertiid waard it justjes dreger en stressiger, om’t wy op ’e gewoane diken kamen… mei de stereotypyske toeterjende Italiaanske automobilist.

Lês fierder by Geart TigchelaarLês fierder

Henk Nijp

Iepen dei

logo.ensafh

Ut dommebare nijsgjirrigens gong ik rjochting begraafplak. Gjin idee wat my te wachtsjen stie. Foar de radio hie ik in koart ynterview oer ‘het weekend van de begrafenis’ heard; minsken gongen hjoed-de-dei fierstente gau fan ‘gewoan’ kremearjen út, wylst der hieltyd minder foar in begraffenis keazen waard. Skande fansels fûn de man yn kwestje, de begraffenis moast wer nij libben ynblaasd wurde, want minsken ha yn dizze jachtige tiden ferlet fan autentike rituelen en kontemplaasje, wêr kin dat better as op in goed ûnderhâlden tsjerkhôf? Ik wie benijd wat se der fan meitsje soene mar in folslein wykein, … in moarnsskoft like my earst wol moai genôch.… Lês fierder