De titel fan it nije boek fan berneboekeskriuwster Hanneke de Jong stiet yn leafst trije kleuren op it omslach drukt, op in felblauwe achtergrûn. Fierders stiet it kaft fol mei bûnt opmakke cupcakes. De lêzer komt fuort yn ’e feeststimming as er dit boek sjocht. Mar wa’t begjint te lêzen, fernimt al rillegau dat it boek oer mear giet as allinnich mar om feest.
Haadpersoan is Marike de Walle, in famke fan in jier as fjirtjin. De rest fan de húshâlding De Walle bestiet út heit, mem en broerke Peter. Mem wurdt meikoarten fjirtich jier en it idee ûntstiet om dat mei in ferrassingsfeest te fieren.… Lês fierder