A.IJ. van den Berg

Wat docht in sjânreoantsjutting der ta as de ynhâld doocht?

logo.ensafh

Proazagedichten, sa stiet der op it kaft. En de Friese Pers Boekerij jout dit boek út as poëzij. Dochs lies ik ferhalen. Hiel koarte ferhalen, dat al, fan net mear as hûndert wurden. Mar wat Nyk de Vries skriuwt, foldocht foar my oan alle definysjes fan it koarte ferhaal, sa’t de bêste auteurs dêrfan dy hantearren.

Anton Tsjechow skreau yn 1890 yn in brief oan ’e krante-eigner Aleksej Soeworin bygelyks:

As ik skriuw, gean ik der folslein fan út dat de lêzer sels de subjektive eleminten tafoeget dy’t misse yn it ferhaal.

En Raymond Carver sei yn it essee ‘A Storyteller’s Shoptalk’:

Spanning wurdt yn fiksje foar in part kreëarre troch de manier wêrop’t de wurden gearbûn binne om de aksje yn sa’n ferhaal sichtber te meitsjen.

Lês fierder
Edwin de Groot

DVD fan Tsjêbbe Hettinga ‘Het licht van de zee’

logo.ensafh

Healwei dit jier is yn it ramt fan Tsjêbbe Hettinga’s reis nei Colombia en syn optredens dêre de DVD Het Licht van de Zee ferskynd mei tagelyk ek in Spaansktalige ferzy, La Luz del Mar, dy´t yn it foarste plak ornearre is foar de Latynsk-Amerikaanske merke. Hettinga wie in Súd-Amearika te gast by it ‘Festival Internacional de Poesía de Medellín’. Op de DVD stiet de dokumintêre “Yn dat sykjen sûnder finen’ út 2006 dy’t Pieter Verhoeff foar de VPRO makke hat en dy’t al earder op TV útstjoerd waard. Fierders in tal foardrachten fan Hettinga en de folsleine tekst fan syn bondel Fan oer see en fierder.… Lês fierder

Edwin de Groot

DVD fan Tsjêbbe Hettinga ‘Het licht van de zee’

logo.ensafh

Healwei dit jier is yn it ramt fan Tsjêbbe Hettinga’s reis nei Colombia en syn optredens dêre de DVD Het Licht van de Zee ferskynd mei tagelyk ek in Spaansktalige ferzy, La Luz del Mar, dy´t yn it foarste plak ornearre is foar de Latynsk-Amerikaanske merke. Hettinga wie in Súd-Amearika te gast by it ‘Festival Internacional de Poesía de Medellín’. Op de DVD stiet de dokumintêre “Yn dat sykjen sûnder finen’ út 2006 dy’t Pieter Verhoeff foar de VPRO makke hat en dy’t al earder op TV útstjoerd waard. Fierders in tal foardrachten fan Hettinga en de folsleine tekst fan syn bondel Fan oer see en fierder.… Lês fierder

A.IJ. van den Berg

Weromsjen oer de brek

logo.ensafh

It fernuveret my altiten wat dat der yn Nederlân safolle boeken binne oer de jeugd fan ien. Of it no om fiksje giet, of om in autobiografy, altiten is der omtinken by de rûs foar de bernejierren. Wylst der no krekt hast noait wat bysûnders te sizzen is oer dizze perioade. De dekors lizze fêst, mei de sitewaasje thús, dy op skoalle, en op syn bêst nochris it boartsjen bûten. En de personaazjes binne dêrmei ek bekend. Hjir hiel ferrassend op fariearjen kin hast net.

Pas as it ien wol slagget wat eigens te dwaan mei it tema, falt op hoe krêftich it eins is.… Lês fierder

A.IJ. van den Berg

Is anargy fan in ôfstantsje mooglik?

logo.ensafh

Oertinkingen by de Gysbert foar Josse de Haan

Doe’t Farsk okkerdeis de mieningen peilde oer it wurk fan Josse de Haan, bleau it aardich stil. Net ien fan de reagearjende skriuwers en literatuerleafhawwers dy’t him de Gysbert Japicxpriis 2007 net gunde, mar dat syn boeken lêzen wurde, no nee.

In mei De Haan befreone skriuwer fûn dêrom sels dat Farsk net nei dy opinys freegje moatten hie.

Fierders is Farsk ek al ferwiten dat de redaksje net fuortendaliks in grutte analyze ree hie oer De Haan syn libjen en stribjen, doe’t syn bekroaning bekend waard

Ek dit wurdt net dy grutte analyze fan Josse de Haan syn wurk dêr’t blykber sa’n ferlet fan is.… Lês fierder

A.IJ. van den Berg

In leechte as lette earetsjinst

logo.ensafh

Foar skriuwers als Hemingway wie it in betroud literêr middel. Lit de belangrykste saken of gebeurtenissen út in ferhaal wei, en it wurdt der sterker fan, sa skreau er yn ‘The Art of the Short Story’. De lêzers moatte dan neitinke.

Of neam in toanielstik ‘Wachtsje op Godot’, en dúdlik sil wêze dat dy Godot der in wichtich part yn hat. Hoecht er net iens op it toaniel te sjen te wêzen.

Literêre foarbylden genôch om te ferdigenjen wêrom’t yn in boek of tekst nochal wat feitlike ynformaasje ûntbrekke kin. En dochs fyn ik soks net kinnen by de útjefte fan in boarneboek oer literatuerskiednis.… Lês fierder

A.IJ. van den Berg

In boek dat knarsen bliuwt as in te gol ynstruid grintpaad

logo.ensafh

Elske Schotanus hat yn har earste roman in prinsipiële kar makke, dy’t har geweldich beheint om wat te sizzen. Dat is skande. Ik ha der gjin aardichheid yn om fuortendaliks te sjen hoe’t in skriuwster harsels yn ’e foet sjit, om dan noch in hiel boek mei kreupelje te moatten.

No is dit in debút, en safolle romandebuten komme der net út yn Fryslân. Dus hat in tydskrift as Farsk de plicht hast wol om der omtinken oan te jaan. Yn in riker literatuerklimaat hie ik dat faaks net dien. Ek al om’t ik my wat sjanteare fiel troch de skriuwster om dit dochs in ymposant boek te finen.… Lês fierder