Poëzijbesprekken
De fiif nominearren foar de Gysbert Japicxpriis 2017, besprutsen yn/op ensafh
Edwin de Groot oer Alinne en yn koar fan Wilco Berga. Klik hjir (pdf). Ensafh 7 (2015), nû. 4, s. 40-45
André Looijenga oer Fallend ljocht fan Eppie Dam. Klik hjir (pdf). Ensafh 7 (2015), nû. 2, s. 21-27
Sigrid Kingma oer Man en mem fan Elske Kampen. Klik hjir (pdf). Ensafh 9 (2017), nû. 1, s. 49-53
Jelma Knol oer Herbarium fan Albertina Soepboer Klik hjir (link). Ensafh online 28-10-2015.
Obe Alkema oer Brek dyn klank fan Abe de Vries. Klik hjir (pdf). Ensafh 8 (2016), nû. 1, s. 42-45… Lês fierder
Fideobesprek ‘In echte Fries’ fan Bartle Laverman
Fideobesprek ‘Aurora Bossa Nova’ fan Arjan Hut
Sinjalemint ‘Tsjinlûd’
Tsjinlûd is in kollektyf mei Jan Kleefstra, Elmar Kuiper, Grytsje Schaaf en Remco Kuiper as dichters en Anne-Chris Bakker, Christiaan Kuitwaard en Romke Kleefstra as muzikanten. Dêrby hawwe ek Christiaan Kuitwaard, Elmar Kuiper, Romke Kleefstra en Anne-Chris Bakker grafysk wurk foar de foarmjouwing levere. Sa is it boekje Tsjinlûd in goede wjerspegeling fan it multydissiplinêre karakter dat sa eigen is oan it projekt.
Men ferwachtet dat de gedichten sa’t dy yn it boekje steane allegearre opnommen binne mei muzikale ymprovisaasje derefter. Dat is lykwols net it gefal. Net alle fersen yn it boekje binne opnommen en der steane mear fersen op de cd.… Lês fierder
Syktocht yn dream en werklikheid
Tritich jier nei syn debút de nacht midstwa komt Jaap Veenstra op ’e nij mei in dichtbondel. Ditkear is dy twatalich mei as titel Gatten yn it tek/Gaten in het dak. De op ’e Rottefalle wenjende dichter jout libbensbeskôging oan de Pabû fan Stenden te Ljouwert. Yn seis skiften komt der fan alles foarby: filosofy, religy, observaasjes op it moderne libben, it bywenjen fan de begraffenis fan syn mem. It hat der fan dat wat er oanstipt yn syn earste bondel no ferdjipping en ferbreding fûn hat.
Sawol yn de nacht midstwa as yn Gatten yn it tek komme kristlike ferwizings foar.… Lês fierder
Besprek ‘Lytse Protter’
Dichteres Baukje Wytsma en yllustratrise Yke Reeder hawwe in prachtboekje mei bernegedichten makke mei de titel Lytse Protter. Yn koarte, ienfâldige ferskes wurdt it ferhaal ferteld fan in jonkje en famke dy’t in broerke of suske krije, de lytse protter. Oant safier de ferlytsingswurdsjes.
De sfear fan de gedichten is ôfwikseljend optein of leaf, tear en yntym. Baukje Wytsma skriuwt oer in oersichtlike, lytse wrâld dêr’t positive gefoelens yn oerhearskje. Sa heart dat ek yn in kadoboek oer dit ûnderwerp. Jo kinne mei in bern op ’e skurte de ferskes foarlêze en tagelyk de prachtige plaatsjes fan Yke Reeder besjen.… Lês fierder