
De ikebeammen
Ut de hôven kom ik ta jim, soannen fan ’e bergen!
Ut de hôven, dêr libbet de natoer ferduldich en húslik,
Soargjend en wer fersoarge, gear mei de warbere minsken.
Mar jim, machtigen! stean as in folk fan Titanen
Yn de nuetere wrâld en hearre inkeld jimsels ta en de himel,
Dy’t jim opbrocht en oansette, en de ierde, dy’t jim berne hat.
Gjinien fan jim is ea by de minsken op skoalle gongen
En jim kringe fleurich en frij, út ’e krêftige woartel wei,
Mei-inoar omheech en gripe, as de earn syn bút,
Mei machtige earms it rom en klear en grut
Is jim sinnige kroan nei de wolken rjochte.… Lês fierder