A.IJ. van den Berg

In leechte as lette earetsjinst

logo.ensafh

Foar skriuwers als Hemingway wie it in betroud literêr middel. Lit de belangrykste saken of gebeurtenissen út in ferhaal wei, en it wurdt der sterker fan, sa skreau er yn ‘The Art of the Short Story’. De lêzers moatte dan neitinke.

Of neam in toanielstik ‘Wachtsje op Godot’, en dúdlik sil wêze dat dy Godot der in wichtich part yn hat. Hoecht er net iens op it toaniel te sjen te wêzen.

Literêre foarbylden genôch om te ferdigenjen wêrom’t yn in boek of tekst nochal wat feitlike ynformaasje ûntbrekke kin. En dochs fyn ik soks net kinnen by de útjefte fan in boarneboek oer literatuerskiednis.… Lês fierder

A.IJ. van den Berg

Horror vacui, en de leechte dy’t Mulder ús achterlit

logo.ensafh

Faak al waard de ûndergong foarsein, mar it Frysk is noch altiten yn libben. Douwe Tamminga hat dit ferskynsel de ‘taaiheid fan taal’ neamd, en dizze frase waard begearich troch de politikus Bertus Mulder parafrasearre yn ’e titel fan dit bondeltsje. Tolve jier hat Mulder foar de PvdA deputearre west fan ’e provinsje Fryslân. Yn syn portefeuille siet altiten kultuer. Dit boekje jout ûnder oaren in oersjoch fan wat er yn dy tiid berikt hat.

No bliuwe talen miskien wol ûnferwacht lang bestean, de wurden yn sa’n taal kinne noch wolris subtyl fan betsjutting feroarje. Tsjintwurdich sjonge se op syn bêst yn it âldereintehús noch wolris oer de “Ouwe taaie”.… Lês fierder

Sytske de Jong

Beppe fertelt

logo.ensafh

It earste dat opfalt oan de biografy oer Tiny Mulder, is dat it in frij tin boek is. Blykber binne wy sa wend oan tsjokke biografyen, dat wy ús fernuverje at se wat tinner binne. Faaks binne de measte biografyen sa tsjok omdat de skriuwer gjin detail oerslaan wol at it om syn of har held giet. Dat soarget trouwens net needsaaklikerwiis foar in better byld fan de haadfiguer. It twadde dat opfalt is dat de held fan dizze biografy noch libbet en der binne net in soad minksen oer wa’t in biografy ferskynt wylst se noch libje. Geart de Vries hat him deroan weage.… Lês fierder

Eric Hoekstra

Eye-openers

logo.ensafh
Oer Kerst Huisman syn Friesland heeft zijn eigen verhaal

Steven Sterk Uitgevers, útjouwerij fan bysûndere fiten, hat wer in nij fyt klearspile. Nei Eelke Lok syn boek oer provinsjale polityk en Oebele Vries syn prachtboek mei Aldfryske teksten komt Sterk no mei in útjefte dy’t krityk befettet op de Nederlânske kanon fan prof. Frits van Oostrum. Dat is wol pikant, want dy seldichste Van Oostrum, dy’t de Fryske skiednis yn syn Nederlânske kanon folslein deaswijt, naam wol it boek fan Oebele Vries yn ûntfangst en wie fol lof oer dat in breed publyk de Aldfryske teksten ta syn foldwaan hie. Dat is de spagaat fan de Rânestedlike machtspolityk, dy’t de facto oan de iene kant de regio útrûpelet en as wingewest sjocht, oan de oare kant allegear etyske, humanistyske of wittenskiplike idealen pretendearret heech te hâlden.… Lês fierder