Friduwih Riemersma

Shaken: de Fryske Akademy en de statistyk

logo.ensafh

Shaken: de Fryske Akademy en de statistyk

De Fryske Akademy hat op har Taalweb Frysk en de staveringsoanpassing (http://www.fryske-akademy.nl/nl/taalwebfrysk-faq/), ûnder it kopke: ‘Hoefolle feroaret it wurdbyld troch de staveringsoanpassing?’ in opmerklike útlitting dien. “De wurden (ynklusyf gearstallingen en ôfliedingen) dy’t wizigje, meitsje wat frekwinsje oanbelanget mei-inoar 0,07% út fan [it totaal fan] 8 miljoen wurden.” Ik haw dêr hurd om lake, hoewol’t gûle miskien mear op syn plak west hie: it wie in tige kontraproduktive foarm fan gerêststellende retoryk.

Pieter Breuker hat yn syn artikel “Trije jier ‘stúdzje’, € 378.000 subsydzje en dan dit (IV). Sitaat foar de sneintejûn: Lies, damned lies, and statistics” al it ien en oar opmurken oer it polityk tapassen fan statistyk.… Lês fierder

Pieter Breuker

Poadium: It FA-design foar fierdere standerdisearring fan it skreaune Frysk of de kreäasje fan in ûntrochtochte, ûnwurkbere en ûnfryske keunsttaal

logo.ensafh

KOARTE TALJOCHTING

Dit stik wie in ûnderdiel fan de diskusje dy’t der fan ’t winter ûnder rezjy fan de provinsje west hat tusken foar- en tsjinstanners fan de plannen fan de Fryske Akademy ta feroaring fan standert en stavering. De Fryske Akademy sels wie ek yn dat oerlis fertsjinwurdige.
Yn it twadde haadstik snij in oantal punten fan de diskusje oan.
It stik is ûnder grutte tiidsdruk skreaun, dat der sitte grif wat flaters yn. Ik stean lykwols noch altiten folslein efter de ynhâld as gehiel.

Ljouwert, 2 novimber 2014 Pieter Breuker

Klik hjir foar it folsleine artikel yn pdf.… Lês fierder

Marga Waanders foarsitter Gysbert-sjuery 2015

logo.ensafh

Foar it earst hat in advyskommisje foar de Gysbert Japicxpriis fiif leden (foarhinne wiene dat der hieltyd trije). Marga Waanders, boargemaster fan Dongeradiel, is oanwiisd as foarsitter. Hja is fan oplieding nearlandika, wurke yn it ûnderwiis foar’t se de polityk yngie, en wennet sûnt jierren yn Fryslân. De oare net-Fries yn de kommisje is Kester Freriks út Amsterdam, de yn Yndoneezje berne Nederlânske auteur dy’t û.o. skreaun hat oer Hölderlin, yndyske literatuer en fûgels.

Opmerklik is it grutte Dongeradielster oanpart yn dizze advyskommisje. Yvonne Dijkstra is hikke en tein yn Nes (D.) oan it Waad, en foar Doeke Sijens jildt itselde mar dan krekt súdliker te Hantum.… Lês fierder

Cornelis van der Wal

D.A. Tammingapriis foar Ale S. van Zandbergen

logo.ensafh

Ale S. van Zandbergen hat de nije priis foar Fryske debuten, de D.A. Tammingapriis krigen. Stifting FLMD hat it inisjatyf naam foar dizze priis, dy’t yn plak komt fan de ferlern giene Fedde Schurerpriis. De sjuery, ûnder lieding fan Simon Oosting, wie tige te sprekken oer de oare twa nominearren, te witten Klaas Rusticus mei syn De brimstige ingel, en Sipke de Schiffart mei de ferhalebondel Wat it is om bang te wêzen. Van Zandbergen syn roman Littenser merke kypte der neffens de sjuery lykwols út.

foto (73)

Foarsitter fan de sjuery Simon Oosting
foto (75) De symboalyske sjek fan € 3000,- is foar Ale S.

Lês fierder

Boeken mei leafde

logo.ensafh

Omrop Fryslân hat fan ‘t wykein in dokumintêre útstjoerd oer de Fryske literatuer, Boeken mei leafde. Oan bod komme de sutelaksje en de Frankfurter Buchmesse, it literatuerbelied fan de provinsje Fryslân en it probleem fan de ûntlêzing. De dokumintêre folget skriuwer Ferdinand de Jong by syn literêre aktiviteiten.

Klik hjir foar dizze doku.… Lês fierder

Hedwig Terpstra

Petearen mei Sipke de Schiffart en Ale S. van Zandbergen

logo.ensafh

Hedwig Terpstra hat foar de Breeduit, de ‘Wekelijkse informatiekrant van de gemeente Smallingerland’, fraachpetearen mei de nominearren foar de Rink v.d. Veldepriis hâlden.

De twa lêste petearen wiene mei Sipke de Schiffart en Ale S. van Zandbergen.. Klik hjir.

Foar it petear mei Steven Sterk klik hjir. Foar it petear mei Leo Popma klik hjir. Foar it petear mei Freddy Scheltema klik hjir.… Lês fierder