Geart Tigchelaar besprekt de dichtbondels ‘Koproer’ en ‘Fallend ljocht’ fan Eppie Dam.
Geart Tigchelaar besprekt de dichtbondels ‘Koproer’ en ‘Fallend ljocht’ fan Eppie Dam.
“It moat net in gewoante of in obsesje wurde, mar ik kin eins net sûnder it skriuwen.”
Tryntsje van der Veer is yn 1960 berne yn Nijegea oan ’e Fluezen. Sûnt 2008 wennet se nei tritich jier om utens wer yn Fryslân. Se wurket as psychiater. Se die in tal skriuwkursussen yn Tresoar (lietteksten en dichtsjen) en hat dêrnei ferskate dichtbondels publisearre. Yn 2009 kaam Binnentún út, in bondel mei 49 haikû’s yn kombinaasje mei foto’s fan Ouke Kooistra en muzyk fan Rob du Jardin op cd. Yn 2010 wie sy gearstaller fan Oer it wetter op ’e weagen fan muzyk en poëzij.… Lês fierder
Koarde fan ’e tiid is de tredde dichtbondel fan Beart Oosterhaven. Yn fjouwer skiften wurdt de lêzer gâns tinkfoer oanrikt. De titels litte al sjen dat der in beskate opbou yn de bondel sit. Fearren stowe út it gedicht ‘Wyt’ ferwiist nei de dea, Dy ruostpûkelige wachters giet fral om it feroarjende lânskip om it hûs fan de dichter hinne wat ek in foarm fan stjerren is, Tûken biede skûl út de haikû biedt de suggestje fan treast en beskerming dy’t yn de natoer socht wurde kin. Kaai nei de Haadwei befettet oersettings fan lieten fan ûnder mear Leonard Cohen, nei de muzyk en teksten fan betûfte singers/songwriters, miskien wol de grutste leafde fan Oosterhaven.… Lês fierder
De lêste jierren ûntstiet der in soad nije belangstelling foar de Fryske literatuer út de njoggentjinde iuw dy’t oantsjutten wurdt mei de term ‘folksskriuwerij’. De ynhâld en kwaliteit fan dy literatuer is lange tiid bekritisearre, benammen troch Douwe Kalma-en-dy, omdat dy net paste yn har idealen foar it Frysk en de literatuer. Yn de literatuerskiednis fan nei de bloeitiid fan de Jongfryske Mienskip wurdt noait echt goed besjoen oft de miening fan Douwe Kalma terjochte wie en ûntbrekke stúdzjes om de teksten yn har tiid te pleatsen. Philippus Breuker skriuwt yn syn boek Brekizers fan de foarútgong – Nut en nocht op doarpen yn de twadde helte fan de njoggentjinde ieu (2017) dit: “It hâldt mei de denigrearjende oantsjutting fan folksskriuwerij foar omtrint alles wat der doe skreaun waard, al gau op.”… Lês fierder
Beart Oosterhaven
Koarde fan ‘e tiid
Hispel, Loenen aan de Vecht 2017
Ferkeappriis € 12,00
ISBN 9789074516266

Nije dichtbondel Koarde fan ’e tiid, Utsein gedichten steane yn dizze bondel ek liettekstoersettings fan wurk fan sokken as Willie Dixon, Leonard Cohen en Tony Joe White.
Syds Wiersma
Twintig liefdes een Saudade/Tweintich leafdes in Saudade
Frysk en Frij, Ljouwert 2017 (side útjouwer is net aktueel)
Ferkeappriis € 15,00
ISBN 9789085660491

Deze gedichten zijn oorspronkelijk in het Nederlands ontstaan en door de dichter vertaald. De titel en het aantal van eenentwintig is een allusie op de liefdesbundel van de Chileense dichter Pablo Neruda, Veinte poemas de amor y una canción desperada (1924).… Lês fierder
Seis jier nei syn lêste dichtbondel Tin is fan Arjan Hut no de kreas fersoarge nijeling Aurora Bossa Nova útkommen. De dichter hat twa eleminten en twa gedichten kombinearre yn ’e titel: it poalljocht en bossanova. Dat lêste is in muzykrjochting dy’t út de samba ûntstien is en troch jazz beynfloede. ‘Bossanova klinkt tige waarm en sensueel, altiten rêstich en noait agressyf’, sa docht Wikipedia te witten. Foar in grut part wier foar de bondel fan Hut, mar hy spat hjir en dêr wolris op. Is dat it poalljocht dat altiten oanwêzich is, mar inkeld earst nachts te merkbiten?
Genôch wiete fingerynterpretaasje earst.… Lês fierder