Hedwig Terpstra

Fraachpetear mei de Baskyske skriuwer Eneko Aizpurua Urteaga

logo.ensafh

”I’m trying to achieve a balance between writing on my novel project and learning about the Frisian culture.”

Yn it ramt fan it literêre útwikselingsprojekt Other Words/Oare Wurden is de Baskyske skriuwer en oersetter Eneko Aizpurua Urteaga (1976, Lazkao, Baskelân) te gast yn Ljouwert. Hy is op 20 oktober oankaam en sil hjir bliuwe oant mids desimber en wurkje oan syn nije roman. Hy publisearre oant no ta trije misdiedromans: Lehertu da festa (It is feest, 2016), Herensuge gorriaren urtea (It jier fan de reade draak, 2013) en Errauts (Jiske, 2011). Yn 2008 wûn er de twadde priis by the Iruñea literatuerpriis foar jonge skriuwers, yn de kategory koart ferhaal, mei Fortunaren gurpila (Rêd fan fortún).Lês fierder

Geart Tigchelaar

Myn literêr wjerfarren yn Århus en omkriten

logo.ensafh

Op 10 oktober lêstlyn bin ik op ’e fyts ôfreizge nei it lytse plakje Kattrup yn it Deenske Jutlân. Dat leit tusken Horsens en Århus yn sa’t jo faaks al mei Google Maps opsocht hawwe. Dêr ferbliuw ik yn totaal sa’n twa moanne, foar de krystdagen bin ik fan doel en fyts wer nei Ljouwert ta. Ik bin hjir hinne gien om oan myn nije boek te skriuwen, yn Arkje 2.0, sis mar.


It hûs fan ’e famylje dêr’t ik tahâld

No’t ik hjir dochs sit, haw ik my ek foarnommen om my mear yn ’e Deenske literatuer te stoarten. Ik haw de taal yn ’e ôfrûne jierren leard op in sadanich nivo dat ik in petearke oangean kin en it measte skriftlik neikomme kin.… Lês fierder

Hedwig Terpstra

Fraachpetear mei de Ingelske skriuwster Elaine Ewart

logo.ensafh

“Islands are the focus of people’s imaginations, we think of them as an idealized paradise or places where people get trapped or stranded.”

Elaine Ewart (berne yn 1975 yn Lincoln, Ingelân) hold op tongersdei 7 septimber op de Fryske Akademy in lêzing mei de titel Voices from Heligoland: literary representations of the North Sea. Foar har ôfstudearskripsje foar de stúdzje kreatyf skriuwen, dy’t se folget oan de universiteit fan Essex, bestudearret se de relaasje tusken ekology, lânskip, taal en literatuer op it eilân Helgolân en yn it Fryske kustgebiet troch de tiid hinne. Elaine skriuwt proaza en poëzij en wûn yn 2012 de Fenland Poet Laureate.Lês fierder

Cornelis van der Wal

Yn dit lânskip sûnder slokje

logo.ensafh

It moast 6,50 Euro jilde, mar dan hiene jo ek wat, sa like it yn ’t foar: in film oer de Fryske Literatuer, in paneldiskusje oer datselde ûnderwerp, en last but not least: in fergeze buorrel.

Ik haw it oer de premjêre op 09-11-17, yn it ramt fan it Noordelijk Film Festival, fan de koarte film Yn dit lânskip leit myn libben, regissearre troch Halbe Piter Claus en Ismaël Lotz, makke yn opdracht fan Tresoar. De Accent-seal fan de Ljouwerter skouboarch De Harmonie wie moai fol mei grize Frysk-literêre koppen, neist my siet in ferdwaalde Hollânske filmleafhawwer, dy’t neffens my net rjocht wist wêr’t er no wer bedarre wie.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Mei de trekker yn ’e bres foar it Frysk

logo.ensafh

Hein Jaap Hilarides is bekend as dichter en muzikant. Dichtsje docht er yn it Biltsk, Frysk en Nederlânsk. Syn proaza skriuwt er almeast yn it Frysk. Sa ek syn nijste roman De trekker fan Troje. Mei it Frysk hat er in breder berik as it Biltsk, sa’t er sels oanjûn hat. En de tematyk fan De trekker lient him dêr ek folle better foar. In oare reden dy’t meispile wie dat it foar de subsydzje yn it Frysk moast.

Yn De trekker fan Troje folgje wy Friso, dy’t opgroeid is op in pleats dêr’t syn broer Hero no mei harren heit op buorket.… Lês fierder

Hedwig Terpstra

Fraachpetear mei de Kanadeesk-Fryske skriuwster Alyda Faber

logo.ensafh

“Ut agresje wei kin ik gjin goede gedichten skriuwe. Ik besykje minsken te begripen, hoe komplisearre dat ek is.”

De Kanadeesk-Fryske skriuwster Alyda Faber (berne yn 1963 yn Walkerton, Kanada) wennet yn Halifax en is professor teology oan de Atlantic School of Theology. Yn 2016 kaam har dichtbondel Dust or Fire út, mei dêryn ûnder oare twa ferzjes fan it gedicht ‘Leeuwarden Train Station’. De gedichten yn de bondel gean oer de betsjutting fan leafde en famyljerelaasjes. Yn 2010 binne gedichten dy’t se skreaun hat nei oanlieding fan Fryske sprekwurden publisearre op Ensafh. Alyda wie yn augustus in wike op famyljebesite yn Ljouwert en doe ha ik dit fraachpetear mei har holden.Lês fierder