Guon Fryske skriuwers hiene in grutte reputaasje doe’t se noch libben, mar der is hast gjinien mear dy’t se hjoeddedei noch lêst. Lipkje Post-Beuckens (1908-1984), as romanskriuwster bekend ûnder de namme Ypk fan der Fear en dichtsjend ûnder it pseudonym Ella Wassenaer is dêr in foarbyld fan.
Twa fan har omfangrike romans lykas Ta him dyn bigearte (1949), De breugeman komt (1953) binne destiids sels yn Nederlânske oersetting ferskynd en waarden lanlik goed besprutsen. Dat komt grif troch de nijsgjirrige godstsjinstige en eroatyske tematyk dy’t Ypk fan der Fear yn de Fryske literatuer yntrodusearre. De breugeman komt giet oer de earste minnistefroulju dy’t troch de 16de iuwske oerheid ferfolge waarden en is op histoaryske boarnen basearre.… Lês fierder