Jarich is berne yn 1956 yn Hitsum. Hy is opgroeid yn Abbegea en op syn tolfde ferhuze nei Almelo. Hy is heechlearaar yn de Fryske taal- en letterkunde yn it Dútske Kiel, dêr’t er him ek mei de ferskate Noardfryske dialekten dwaande hâldt. Hy docht in soad yn de mande mei Harke Bremer fan Kampen. Op 17 septimber 1996 krigen Jarich en Harke Bremer fan de provinsje Fryslân de Obe Postmapriis foar har Fryske oersetting fan Bommel-ferhalen út it Nederlânsk. Beide manlju makken ek oersettings fan Kaptein Rob en Asterix yn it Frysk. Yn 1995 kaam harren earste boek Hâld faasje út.… Lês fierder

