Geart Tigchelaar

Jou it oan de âld-papierboer

logo.ensafh

Jo krije it kadoboek Djipte! De skiednis fan in doarp fan Atte Jongstra dizze pear wiken as jo in Frysk boek keapje. Ik bin plat foar de ferkeap fan Fryske boeken, dus ik sil jo dat net ôfriede. Mar jo kinne dat better nei 13 oktober dwaan, wannear’t ‘De moanne fan it Fryske boek’ ôfrûn is.
Hartstikkene aardich sa’n kadoboek en it soe moai wêze as dat de ferkeap fan Fryske boeken stimulearje soe. Alle jierren kreaze boeken yn oarspronklik Frysk. Dit jier in oersetting. Anne Tjerk Popkema hat de oersetting fersoarge. Dan sit it mei it Frysk wol goed, hy is dé oersetter op dit stuit – of is dat dochs Klaas Bruinsma?… Lês fierder

Tryntsje van der Steege

Nij op ’e planke – septimber 2013

logo.ensafh

Nei in prachtige lêzerssimmer belooft it in hearlike lêzershjerst te wurden. Nei it lege tempo fan de smûke simmerdagen komt yn septimber it libben wer op gong en gûnzet en sûzet it fan de nije útjeften en aktiviteiten. De list mei nije farske boeken is wer lang, de list mei bjusterbaarlike barrens foar de kommende tiid docht dêr wier net foar ûnder. Nei it feest fan de UITmarkt kaam it feest fan de Kulturele Haadstêd 2018 ynearsten ta in hichtepunt, mar wy sette fuort troch mei it feest fan it Frysk Museum en it feest fan it Fryske Boek, letteroan folge troch it it grutte Ensafheest op 4 oktober, it feest fan Gysbert Japicx en it feest fan ’e Frankfurter Buchmesse.… Lês fierder

Marga Claus

Moat ik jo wekkerskodzje mei in rym?

logo.ensafh

Soms binne autobiografyske teksten te heftich om yn alle neakenens bleat te stellen oan publikaasje. Dan moat in skriuwer of dichter op syk nei in grutter ferhaal, nei de romte fan in universeel tema, om bêding te finen foar dat wat oars net te fernearen is. Foar de lêzer net, mar benammen net foar de dichter sels.

Sa hat Eppie Dam in oanrin fan 49 memmegedichten nedich om te kommen ta de lêste 7 gedichten fan it fyfde skift, dat de skrinende titel ‘As kearde him in haven tsjin de boat’ meikrige. Dat is in opfallende omkearing: as in haven gjin feiligens biedt, gjin matriarchale omearming mear is tsjin it ûnberekkenbere wetter, dan moat der wat goed mis wêze.… Lês fierder

Piter Boersma

It Fryske literêre libben (11): Nominaasjes foar de Gysbert Japicx-priis

logo.ensafh

(Foarlêzen op jûn oer de Gysbert-nominaasjes yn De Bres yn Ljouwert op tiisdei 10 septimber 2013.)

Ik ha wer in boek útbrocht – in dichtbondel dizze kear. Wat wer in ellinde, dy kritisy. De iene fynt it boek geweldich, mar út wat wat er skriuwt docht bliken dat er gjin snars fan it hiele boek begrepen hat. In oaren fynt it neat, mar hat der sa docht bliken ek neat fan begrepen. Wer in oaren hâldt him wat op ’e flakte, hat in myld oardiel, mar tusken de rigels troch is wol te lêzen dat er der tûzen en ien ding op oan te merken hat.… Lês fierder

Josse de Haan

Gysbert Japicx-priis

logo.ensafh

YN 66 JIER twa dichteressen WINNERES GYSBERT JAPICX

De earste Gysbert Japicxpriis-winner yn 1947 wie Obe Postma – it wie foar syn poëzy. De earste frou dy’t de priis krige, wie Rixt yn 1953 foar har poëzybondel De gouden rider (1952).
Trijeëntritich jier letter krijt Tiny Mulder dizze priis foar har hele oeuvre, mar foaral foar de gedichtebondel Oh in stêd, ah in lân – In syklus. De bondel allinne wie blykber net goedergenôch.
Yn 66 jier ha mar twa dichteressen sa’t it skynt genôch kwaliteit hân om yn oanmerking te kommen foar dizze heechste Fryske literêre priis. Dat is apart, meidat der wol frouljustalint wie en is.… Lês fierder

Tryntsje van der Steege

Libbene oantinkens omteare ta skiednis

logo.ensafh

It minsklik ûnthâld is in nijsgjirrige miks fan wat we sels meimakke ha, fan wat oaren ús ferteld ha en fan wat we der sels by betocht ha. We ûnthâlde de dingen net altiten sa’t se wier gebeurd binne, mar meitsje soms – bewust of ûnbewust – de kar om in oantinken oars of moaier op te slaan. Faak wurdt in oantinken in ferhaal op himsels en somtiden wurdt it yn de oerlevering troch de jierren hinne noch wat mear oanpast en omfoarme. Mearkes en leginden ûntstiene op sa’n manier, mar ek romans en memoires binne faak it resultaat fan sok ‘opkreazjen’ fan persoanlike oantinkens.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

In multydissiplinêr thúskommen

logo.ensafh

Tsead Bruinja (1974) publisearret op ’e nij in twatalige bondel (Frysk-Nederlânsk): Stofsûgersjongers / Stofzuigerzangers. Prachtich foarmjûn mei etsen fan Mirka Farabegoli en de bondel kin lêzen wurde mei saksofoanartyste Femke IJlstra op ’e eftergrûn. Troch it formaat, de moaie printen, de opmaak en ek de kleur fan de gedichten komt it hast as in printeboek op jin oer. It is nammentlik sa dat de gedichten faak yn in oar lettertype steane, of dat se yn in beskate foarm en kleur ôfbylde binne. De opmerking oer it printeboek is dêrmei bedoeld as grut komplimint foar de foarmjouwing, mar ek foar de boartlikens fan de bondel.… Lês fierder