André Looijenga

Foaropwurd 74: oer literêre prizen en publike wurdearring

logo.ensafh

Wy binne healwei de Moanne fan it Fryske Boek, dêr’t de útrikking fan trije grutte Fryske literêre prizen ûnderdiel fan makke is. Noch twa wike, dan wurde se feestlik útrikt: de Obe Postmapriis foar bêste oersetting út of nei it Frysk (2008-2010), de Fedde Schurerpriis foar it iene bêste literêre debút (2008-2010) en de Fedde Schurerpublykspriis foar it oare bêste literêre debút (2008-2010).

De winner fan de Obe Postma waard okkerwyks alfêst bekendmakke.*) Anne Tjerk Popkema wolle wy jitris fan herte lokwinskje mei dy priis! Yn dit nûmer fan ensafh lêze jo in petear mei de lauwere oersetter fan De Hobbit fan Tolkien.… Lês fierder

Hedwig Terpstra

Petear mei Anne Popkema

logo.ensafh

By it Boekefeest yn Tresoar op 14 septimber waard bekend makke dat Anne Tjerk Popkema (1975) de Obe Postmapriis 2012 wint foar syn Fryske oersetting út 2009 fan The Hobbit fan J.R.R. Tolkien. De priis wurdt op 12 oktober oan him útrikt yn Tresoar. In moaie oanlieding om in fraachpetear mei him te hâlden. Anne is opgroeid yn Burgum en hat Frysk studearre yn Grins, mei as spesjalisaasje midsieusk Frysk en taalskiednis. Foar syn einskripsje krige er de skripsjepriis fan de Fryske Akademy. Nei syn stúdzje wurke er twa jier by de Fryske Akademy. Yn 2004 gie er nei Dútslân, om oan de Christian-Albrechts-Universität yn Kiel it Altfriesisches Handwörterbuch dien te meitsjen.Lês fierder

Geart Tigchelaar

Moaie bak

logo.ensafh

Besprek Bak fan Sietse de Vries

De hollen fan de minsken rûzje noch nei fan alle ferkiezings wannear’t yn it begjin fan Bak, kadoboek skreaun troch Sietse de Vries, in jonge VVD’er fermoarde wurdt. Samson en Rutte hawwe krekt praat oer harren oparbeidzjen wannear’t De Vries meardere politisy opfierd yn syn boek. De haadpersoan, Sjerp Bak, kriget sels in relaasje mei in CDA’er, Geke Jensma.
Sjerp Bak is in wat sleauwe fyftiger dy’t al mear as tweintich jier op de stedsredaksje wurket en suver ien wurden is mei it meubilêr. Dat makket him ta in soarte fan ikoan, mar wurdt him lykwols ek wolris ferwiten troch dizze of jinge.… Lês fierder

Piter Boersma

It Fryske literêre libben (8): Mei de Moanne fan it Fryske boek fan ’e rein yn ’e drip

logo.ensafh

Mear as trije jier lyn is it al wer dat it neffens de provinsje dien wêze moast mei de Stichting It Fryske Boek. It Fryske Boek organisearre de Fryske Boekewiken (oan ’e ein fan ’e winter) en de ferneamde Sutelaksje (yn ’e hjerst). It mei wier wêze dat de Stichting It Fryske Boek de swung wat út wie, feit bliuwt dat no goed trije jier letter konstatearre wurde kin dat de provinsje wat al te hastich de stekker der út lutsen hat en de net al te gelokkige kar makke hat om It Fryske Boek oer te heveljen en opgean te litten yn Tresoar.… Lês fierder

André Looijenga

Foaropwurd 73

logo.ensafh

Nije einredakteur digy

Fjirtich nûmers fan ús literêre ynternettydskrift ensafh.nl hat Geart Tigchelaar einredakteur west. Twa jier lang hat er, útsein de simmerskoften, alle twa wiken in foaropwurd skreaun. Fjirtich foaropwurden mei-inoar, dy’t har troch de tiid ûntjûn hawwe fan ynhâldsoersjoggen ta lytse persoanlike finjetten oer de skriuwerij. Suver wat skruten klonk ús Geart noch yn syn earste foaropwurd, no krekt twa jier lyn. Gau woeks er yn de rol fan foaropwurdskriuwer, mei sfearsketsen fan de wille fan it lêzen en it skriuwen, nei wat winliken koarte kollums waarden op Fryslâns literêre libben. Mar ja, lêze jo foaropwurden eins wol, frege er terjochte ôf.… Lês fierder

Sigrid Kingma

Dit is it gedicht dat poëzij net maklik makket

logo.ensafh

De namme Elske Kampen kaam ik yn 2006 foar it earst tsjin yn de dichtbondel foar de foardraachkriich FeRstival. Ien dy’t in fers fan Kampen útkeas, waard fuort as grutte konkurrint besjoen. Oan sa’n namme hong in kaartsje, lykas oan Tiny Mulder. De gedichten lizze goed yn it gehoar en slute oan by de libbenswrâld fan jongerein. Oant no ta binne njoggen fan har gedichten foar it FeRstival brûkt en dêrfan steane twa yn de nij ferskynde bondel Dit is it gedicht/Dit is het gedicht. In twatalige bondel, dêr’t ek fiif fan har earder ferskynde Nederlânsktalige gedichten op ’e nij in plakje yn krigen ha.… Lês fierder

Hedwig Terpstra

Ferdinand de Jong: ‘We moatte grutsk op it Frysk wêze!’

logo.ensafh

Ferdinand de Jong (1969) is berne yn Oranjewâld en wennet no mei frou en twa dochters yn Boarnburgum. Hy hat de Middelbere Lânbouskoalle dien en wurket as zzp-er. Yn 2010 skreau er de spionaazjeroman Guozzeflecht. Yn 2011 ferskynde de roman It dak fan de wrâld en dit jier krige er dêr de Rink van der Velde-priis foar. Yn de maityd fan dit jier ferskynde de plysjeroman De lêste trúk.


Wêr giet De lêste trúk oer en hoe is it boek ta stân kaam?
Ferdinand: ‘It boek giet oer resjersjeur Evert Jaarsma, dy’t de hannen fol hat oan syn plysjewurk.… Lês fierder