Jacobus Q. Smink

Gebrûkspoëzy fan de nachtsuster

logo.ensafh

It mei út de kranten bekend wêze dat Simy Sevenster sûnt jier en dei ferhalen skriuwt; se wûn dêr al ris in Rely mei, mar dat hja ek gedichten makket is yn de literêre wrâld minder witten. Faaks ferskynden har gedichten wol op lokaal nivo, mar yn de periodiken as De Moanne/Trotwaer, Farsk, Hjir ensfh. haw ik net in fers fan har sjoen. De Friese Pers Boekerij hat no dan al in fikse bondel sammele mei in lytse sechstich fersen ûnder de titel Yn de see fan it libben. Neffens in wurdfierder fan de útjouwerij giet it om ‘gebrûkspoëzy’, what ever that may be!… Lês fierder

Piter Yedema

The air of poetry (The poetry of Tsjêbbe Hettinga)

logo.ensafh

When in 1993 the Frisian poet Tsjêbbe Hettinga appeared on stage during the Book Fair in Frankfurt, Germany, he caused a kind of shock to the audience by reciting, or rather by sing-saying, some of his poems. Although practically no one in the listening crowd understood a word—even the Dutch don’t know Frisian—they were greatly moved by the airs of the unknown poet. No language barrier existed anymore. The people were caught up by the deeper layers of the poetry: the vocals and consonants, the syllables, the melody, the colour, by all of which they could create their own images. Triumph of the archaic, victory of the oral.… Lês fierder

Piter Boersma

Foaropwurd

logo.ensafh

Tsjêbbe Hettinga

Yn dizze ôflevering wurdt omtinken jûn oan de poëzy fan Tsjêbbe Hettinga. Ynternet giet de hiele wrâld oer en om’t de poëzy fan Tsjêbbe dat ek docht troch de oersettings fan syn wurk hat Piter Yedema in Ingelsktalich artikel levere, ‘The air of poetry’. Yedema besiket yn syn artikel in finger achter Hettinga syn poëzy te krijen en in yntroduksje derfan te jaan troch in ferbining te lizzen mei twa tragedys binnen de famylje Hettinga (‘My opinion is that Hettinga has always felt the horror of these events during his whole career as a poet, going from immediate expression to sublimation of it in his long poems of travels abroad.’)… Lês fierder

Goffe Jensma

Giftige simmer

logo.ensafh

1
Stel, immen — neam him de persoan X – komt nei jierrenlang fan hûs west te hawwen werom yn — neam it mar it plak Y. It plak Y dêr’t er berne is, hikke en tein, dêr’t er boarte hat. X reizget dy dei mei de trein en as er op it stasjon útstapt dan wurdt er yn ienkear oerfallen troch folsleine panyk: ‘Myn hert jage my wylst ik út dy trein stapte. Mar it bûnze, lit my it mar earlik sizze, alhiel net fan folsleine bliidskip. Ja, it die my al goed, — ik wie der sels wol in bytsje grutsk op — dat myn stêd no gjin ynsliept provinsjestedsje mear wie, mar krekt likegoed oan it Europeeske spoar lei as de haadstêden fan it lân; mei in streekrjochte ferbining mei Hamburch, Berlyn, Parys – neam mar op!… Lês fierder

Piter Boersma

Foaropwurd

logo.ensafh

Anne Feddema

Dit nûmer stiet yn it teken fan Anne Feddema. Hy krijt dizze wike, tongersdei 15 oktober op it stedhûs yn Boalsert, de Gysbert Japicx-priis 2009 útrukt foar syn dichtbondel

Reidhintsje op ’e styx út 2005. De Gysbert Japicx-priis is de wichtichste priis binnen de Fryske literatuer en de priis wurdt om ’e twa jier útrikt, de iene kear foar proaza, de oare kear foar poëzy, sas dit jier.

Anne Feddema hat foar dizze ôflevering in nij gedicht ôfstien, ‘Dea lâns de dyk 1’, de delslach fan in reis nei Ruslân: ‘It wie de dea op skreagen’.

Yn de rige fraachpetearen dy’t Hidde Boersma foar ensafh makket is it dizze kear fansels Anne Feddema dêr’t er by op besite west hat: ‘No moat ik my sa stadichoan mar gedrage as in priiswinner: kreas yn ’t pak.… Lês fierder

Hidde Boersma

‘Dat moat in oar ék witte’ (Fraachpetear mei Anne Feddema)

logo.ensafh

Hidde Boersma op besite by de mei de Gysbert Japicx-priis lauwere dichter Anne Feddema

Dizze dei…

Dizze dei gean ik mei in
Oaljefant yn ’e porsleinkas
We dûnsje en trilje fleurich
Oer blauich sjineeske Ming
En Delftsk – û.o. in toebackpot –
Ierdewurk

Wat ha wy in wille
Alles giet oan barrels
Jûchhei diggeldei dizze dei!

Doe kaam de plysje etsetera…
Wy moasten mei nei it buro
Lokkich is de oaljefant fan Jumbo
En kin’ wy de kommende tiid noflik puzzelje

(Ut: Reidhintsje op ’e Styx, side 35)

anne-feddema-schilderij3

Skilder, skriuwer, muzikant en libbensgenieter Anne Feddema hat de Gysbert Japicxpriis (GJP) krigen foar syn dichtbondel Reidhintsje op ’e Styx.… Lês fierder

Piter Boersma

Foaropwurd

logo.ensafh

Yn dizze ôflevering binne de poetyske bydragen fan Geart Tigchelaar mei ‘De beam’ en Jacobus Q. Smink mei ‘Safety Zone’. De gedichten stean op ûnderskate wizen foarinoar oer, bygelyks dizze rigels: ‘it boartsjen waard tútsjen / wy fersprutsen mekoar’(Tigchelaar) en ‘dream mar lekker sliepende prinses / hjir stiet gjin tuter foar dy ynspand’ (Smink)

It tema fan de  konfrontaasje mei ûnnoflike kanten fan in oare kultuer, in oare wrâld krijt yn it ferhaal ‘Ynbine’ fan Jouke Hylkema fansels in ynfolling dy’t even ferbjusteret. Hy lit ús op in oare foet stean.

Willem Winters docht ferslach fan in ûntdekking: de jongerein fan tsjintwurdich… der is neat nijs ûnder de sinne.… Lês fierder