Piter Boersma

Foaropwurd

logo.ensafh

Earder dit jier hat Ruurdtsje de Haan alris inkelde gedichten bydroegen dy’t se skreaun hat nei oanlieding fan keunstwurken fan M.C. Escher. Op dizze ôflevering in folgjend gedicht yn dy rige.

Skermer syn kollum giet oer ‘opite’. De oanlieding leit yn de tiid fan it jier: de ierdbeien binne ryp.

Jouke Hylkema syn ferhaal giet frjemdgenôch net oer ‘fytse ‘op pinkstermoandei:  ‘Wy fiele ús as keningen yn ’e loft op dizze peaskemoandei fan 2009, de earste Alvestêdetocht foar  oldtimer-sweeffleantugen.

Op dizze ensafh ek de tredde ôflevering fan Willem Winters syn ‘Swarte Waaksens’: ‘Mar ûnbekend as er hjir wie, hie er gjin idee hokker rjochting him de bêste kâns joech.… Lês fierder

Imke Hooijenga

It sil simmer wêze

logo.ensafh

Maart doart it net lûdop te tinken, mar se wit net hokker dei it hjoed is. Se sjocht dat it moai waar is. It sil simmer wêze. (s. 9)

It sykteproses en de dea fan in heit as mem is net in ûnbekend tema yn de literatuer. Ek Margryt Poortstra weaget har der oan. Har roman Minskebern hannelet oer de demintearjende Maart en lit it ferrin fan it sykteproses sjen út wikseljend perspektyf: dat fan Maart sels en dat fan har man en dochters.
De titel Minskebern slacht op Maart en har oerbeppesizzer Daan. Op de achterflap fan it boek stiet te lêzen: ‘Twa minskebern spylje yn dit ferhaal in rol.… Lês fierder

Piter Boersma

Foaropwurd

logo.ensafh

Yn dizze ôflevering stiet nei ‘Fryske Buddy’ yn de foarige ensafh op ’en nij in gedicht fan Eric Hoekstra, dizze kear fol mei (taalkundige) kaprioalen: ‘De p en de d steane foar soixante-neuf.’ It hyt net foar neat ‘Kosmyske lustposysjes yn in nút.’

De jonge dichter Geart Tigchelaar is ek fan de partij. Hy draait en befingeret in klútsje klaai.

Fan Willem Winters is der de twadde ôflevering fan ‘Swarte Waaksens’, in konfrontaasje tusken byld en tekst.
Jouke Hylkema ferkeart as skriuwer fan ferhalen yn ensafh gewoanwei yn it hjir en no, yn syn bydrage yn dit nûmer giet er net foar neat werom nei 1995.… Lês fierder

Piter Boersma

Foaropwurd

logo.ensafh

Dit is al wer it njoggende nûmer fan ensafh. No en? Nee, neat.

It is lang lyn dat Eric Hoekstra poëzy publisearre hat. Mar yn dizze en de folgjende ôflevering is er fan de partij. Yn dit nûmer meldt er him mei it gedicht ‘Fryske Buddy’.
Yn it kommende nûmer fan ensafh op papier dat ein juny ferskynt sil ek poëzy fan him opnommen wurde.

Yn dizze ôflevering stiet it slot fan Andries Miedema syn projekt ‘De laatste reis van de Nyborg fan J. Slauerhoff foar in part op rym set’ en ek it lêste stik fan de Ingelske oersetting fan Janneke Spoelstra har ferhaal ‘Strawberry Fields Forever’.… Lês fierder

Rieuwert Krol

Lûden en bylden

logo.ensafh

Wa’t sa’n direkt ferbân tusken tate en whisky leit as Sytse Jansma docht, dy moat hast Freud wol lêzen hawwe, mar wa’t de debútbondel Wa’t tate seit moat ik whisky sizzze fan Jansma lêst, sjocht direkt al datst om Freud yn dizze bondel net hoechst te sykjen. It tilt op fan hiel oare nuveraardichheden as de âld neurolooch út Wenen. Dochs hast him miskien wol nedich om de soms hast net te begripen assosjaasjes fan Jansma betsjutting te jaan. Wat it meast yn it each springt binne lykwols neologismen dy’t my net altiten in protte sizze en dêr’t ik net mear as in spultsje mei lûden efter mien te sjen.… Lês fierder

Piter Boersma

Foaropwurd

logo.ensafh

Yn dizze ôflevering fan ensafh stiet in besprek fan de debútbondel Wa’t tate seit moat ek whisky sizze fan Sytse Jansma troch Rieuwert Krol: ‘Hy is in keunstner, dy’t de taal hantearret as de skilder de ferve of de gitarist de noaten.’
Yn ensafh 4 stiet in fraachpetear fan Hidde Boersma mei de debutearjende dichter (sjoch Argyf).

En op dizze ensafh it tredde part fan de Ingelske oersetting fan Janneke Spoelstra har ferhaal ‘Strawberry Fields Forever’ en al wer de achtste ôflevering fan Andries Miedema syn projekt ‘De laatste reis van de Nyborg fan J. Slauerhoff foar in part op rym set.’… Lês fierder

Piter Boersma

Foaropwurd

logo.ensafh

Dit is de sande ôflevering fan ensafh-digitaal.

Yn dit nûmer stiet de dichter Pier Boorsma sintraal. Hidde Boersma hat in fraachpetear him hân. It is te omskriuwen as in foech libbensferhaal: ‘Pier Boorsma is in man mei in fleurige glim om ’e mûle. In man dy’t fan it libben hapt as in oaljefant fan gistend fruit. Hy genietet, mar hy wit likegoed hoe kâld it wêze kin yn it skaad fan ’e geneugten.’ It eigensinnige portret by it fraachpetear is makke troch Klaas Lageweg.

Dêrnêst is fan Pier Boorsma it gedicht ‘Bohemiens’ opnommen, dat yn it fraachpetear ek te praat komt.… Lês fierder