Abe de Vries

It ynhâldlik bysûndere fan Fryske literatuer – Oer de krityk op it ‘Wolkeboek’

logo.ensafh

It ferskinen fan in nije literatuerskiednis kin foar in literatuer in wichtich momint wêze. It is it momint dat de tiid dêr’t sa’n skiednis yn ferskynt, rekkenskip freget oan it literêre ferline dat er beskriuwt. It is it momint dat in aktuele stân fan saken yn de literatuerwittenskip syn ambysjes jilde litte kin foar de bestudearre literatuer oer. It is in momint fan wierheid foar skriuwers, streamingen, tydskriften, tema’s, ideeën. Mar mei in nije literatuerskiednis drukt it hjoed net allinnich syn stimpel op it juster. Dat hjoed besiket – as it goed is, as it hjoed syn taak en funksje folslein ferstiet – ek de wei nei de takomst sjen te litten.… Lês fierder

Piter Boersma

Foaropwurd 127

logo.ensafh

Farsk (en Hjir) fierder ûnder in nije namme
Dit is de lêste ôflevering ûnder de titel Farsk. Farsk hat dêrmei syn 6e jiergong folmakke en giet hjirnei fierder ûnder in oare namme.
Wêrom?
It tydskrift Hjir en it ynternettydskrift Farsk ha yn 2008 redaksjoneel de lapen gearsmiten mei it doel om mei yngong fan 2009 te fusearjen. De reden: yn Hjir en op Farsk publisearren foar in part deselde auteurs, de tydskriften stiene ynhâldlik ticht byinoar, se soene inoar ynhâldlik en redaksjoneel fersterkje kinne. Sa soe in stevige basis lein wurde kinne foar de beide tydskriften ûnder in nije namme.
En sa sil it no.… Lês fierder

Piter Boersma

Foaropwurd 126

logo.ensafh

De ien nei lêste Farsk set passend útein mei in krystgedachte.

Priiswinnende gedichten poëzyjûn Harns
Op dizze ôflevering stean de priiwinnende gedichten fan de poëzyjûn yn Harns. It publyk op dy jûn koene it gedicht stimme dat se dy jûns it moaiste fûn hiene.

En fierders
Skermer giet it alfabet bylâns.
Katteleafhawwers lês gau. Jouke Hylkema bejout him yn ’e wrâld fan de ‘haptonomyske effekten’.
Aggie van der Meer draacht it ferhaal ‘De susters’ by.
En op dizze ien nei lêste Farsk de ien nei lêste ôflevering fan de Midfryske toanieltekst Waatze Gribberts Brulloft.… Lês fierder

Piter Boersma

Foaropwurd 125

logo.ensafh

Ynternetgedicht pur sang
As der no ien gedicht hielendal teplak is op it yntrnettydskrift Farsk dan is it wol it gedicht fan Jacobus Q. Smink op dizze ôflevering. Mar gau der hinne en lêze.

Skermer yt pastinaak.

Jouke Hylkema hat in kollum skreaun oan immen dy’t nuvergenôch en alhiel te’n ûnrjochte de De Kanon fan de Fryske Skiednis net helle hat.

Op dizze Farsk ek in poëzybesprek. Edwin de Groot lit syn ljocht skine oer de debútbondel ‘Fragminten’ fan Jan Kleefstra.

De nije ‘Spiegel’
Foar de wissichheid: de nije Spiegel van de Friese poëzie, gearstald troch Pier Boorsma,Teake Oppewal en Geertrui Visser is ferskynd.… Lês fierder

Edwin de Groot

Mei lawaai is net folle sein

logo.ensafh

Fan Jan Kleefstra (Akkrum, 1964) is dit jier by de Friese Pers Boekerij de earste Frysktalige gedichtebondel ferskynd: Fragminten.
Kleefstra hat al wat Nederlânsk wurk op syn namme stean en stiet yn it lân regelmjittich as dichter op ‘e planken. Dit û.o. mei broer/gitarist Romke yn in programma mei foardracht en muzyk. Hy neamt syn gedichten fragminten en besiket mei syn poëzy de romte fan de minskelaeze natuer en de sintúchlike delslach dêrfan (…) del te setten. Syn taal is dy fan de ûnrêst, it lege midden, de ferwûndering. Sa seit it omkaft. No, sa minskeleas is dy natuer net.… Lês fierder

Eric Hoekstra

Ype Poortinga’s Elbrich en Jitske’s Elikser

logo.ensafh

Bibje (BEEF!), o Fryske útjouwers, want in nije stjerre skitteret oan de stjerrehimel fan ‘e Fryske skriuwerij. It is Jitske Kingma mei har útjouwerij Elikser. Har stjer is rizende oan de kimen, sjoch dêre, heech boppe it grêf dêr’t Utjouwerij Venus okkerdeis begroeven is.

Alsa boartsje de hannen fan myn geast mei it fernijende konsept fan Utjouwerij Elikser. Op trije manieren fernijend:
• It is in útjouwerij dy’t mei printing-on-demand wurket.
• It is in útjouwer dy’t foaral fia ynternet advertearret en ferkeapet.
• It is in útjouwerij dy’t ferwachtet dat de skriuwer sels 1500 euro meinimt (út eigen bûse of subsidiearre).… Lês fierder

Piter Boersma

Foaropwurd

logo.ensafh

Op dizze ôflevering in gedicht yn it Biltsk fan wa oars as Hein Jaap Hilarides. Hein Jaap is mei dichtsjen begûn yn it Frysk. Hy is ek muzikant en op ’n stuit hat er him talein op Biltske teksten by syn muzyk. Dat wie de opstap om ek it Biltsk foar syn poëzy te brûken. Eksimpels dêrfan ha al yn Hjir stien en dan no ek ien op Farsk. Genietsje derfan, want it brûken fan it Biltsk hat oan syn dichterskip in geweldige ympuls jûn.

En Skermer? De tiid fan it jier hat him te pakken en hy is der bliid om.… Lês fierder