Eric Hoekstra

Ype Poortinga’s Elbrich en Jitske’s Elikser

logo.ensafh

Bibje (BEEF!), o Fryske útjouwers, want in nije stjerre skitteret oan de stjerrehimel fan ‘e Fryske skriuwerij. It is Jitske Kingma mei har útjouwerij Elikser. Har stjer is rizende oan de kimen, sjoch dêre, heech boppe it grêf dêr’t Utjouwerij Venus okkerdeis begroeven is.

Alsa boartsje de hannen fan myn geast mei it fernijende konsept fan Utjouwerij Elikser. Op trije manieren fernijend:
• It is in útjouwerij dy’t mei printing-on-demand wurket.
• It is in útjouwer dy’t foaral fia ynternet advertearret en ferkeapet.
• It is in útjouwerij dy’t ferwachtet dat de skriuwer sels 1500 euro meinimt (út eigen bûse of subsidiearre).… Lês fierder

Piter Boersma

Foaropwurd

logo.ensafh

Op dizze ôflevering in gedicht yn it Biltsk fan wa oars as Hein Jaap Hilarides. Hein Jaap is mei dichtsjen begûn yn it Frysk. Hy is ek muzikant en op ’n stuit hat er him talein op Biltske teksten by syn muzyk. Dat wie de opstap om ek it Biltsk foar syn poëzy te brûken. Eksimpels dêrfan ha al yn Hjir stien en dan no ek ien op Farsk. Genietsje derfan, want it brûken fan it Biltsk hat oan syn dichterskip in geweldige ympuls jûn.

En Skermer? De tiid fan it jier hat him te pakken en hy is der bliid om.… Lês fierder

Rieuwert Krol

Wat no: wer in konformistyske Riemersma?!

logo.ensafh

Riemersma is de ferneamdste skriuwer fan Fryslân. Hy wûn mei syn magnum opus De Reade Bwarre de Gysbert Japiks priis en begûn syn karriêre as skriuwer mei Fabryk yn ’ ’e jierren sechtich. Syn hiele oeuvre lang boartet er mei de ferwachtings fan de lêzer. Noch altiten skriuwt er gjin ‘gewoane’ romans, al wolle sommigen hawwe fan wol. En al liket er mei dizze novelle tichter by ‘gewoane’ romans yn ‘e buert te kommen as ea. Op it earste gesicht liket de lêste novelle fan Riemersma in gewoan ferhaal: der wurdt net mei fertelstim, fokalisator of mei oare eleminten út it ferhaal boarte, sa as de lêzer fan Riemersma wend is.… Lês fierder

Piter Boersma

Foaropwurd

logo.ensafh

Take These Chains From My Heart

Long Gone Lonesome Blues

Op dizze ôflevering in fraachpetear dat Hidde Boersma hâlden hat mei Cornelis van der Wal oer syn novelle Kening Kees: ‘Ik soe wolle dat der in politike diskusje oer kaam. En ik wol graach dat Loek Hermans it boekje lêst!’
Op ôflevering 121 stie al in besprek fan it boek troch Eric Hoekstra.

You Win Again

My Son Calls Another Man Daddy

With Tears In My Eyes

Op dizze Farsk in gedicht fan Piet Bult: ‘mar ik sjoch Him net’
Bult skriuwt oars benammen yn it Stellingwerfsk û.o. yn An de Liende.… Lês fierder

Hidde Boersma

De sprekker mei it ferdraaide lûd – Kening Kees en de Fryske frijheid

logo.ensafh

Fraachpetear mei Cornelis van der Wal

‘Uteinlik bin ik foar de ôfsplitsing fan Fryslân’

portret Cornelis van der Wal troch Klaas Lageweg

Under lieding fan kommisaris fan ‘e keninginne Loek Hermans hie it provinsjebestjoer fan Fryslân besletten om yn 1998 it fiifhûndertjierrich bestean fan ’e provînsje Fryslân te fieren. Ofwol, út it perspektyf fan ‘e Oprjochte Fries sjoen, de ein fan ’e Fryske Frijheid. Yn Kening Kees drukt de Amerikaanske anchorman Larry King, oer de tillefoan yn petear mei sjoernalist Eeltsje Bok, it sa út:

‘So the Frisian people are celebrating their own downfall?’ (side 71).

Dat guon Friezen mei dat ‘feest’ yn wiene, koe Cornelis net by: ‘Dat fiere je gewoan net.’… Lês fierder

Piter Boersma

Foaropwurd

logo.ensafh

De poëzy op dizze ôflevering is fan Ate Grypstra, dy’t him weaget oan it sjenre fan de haikû.
Wobbe Atsma leveret in ferhaal oer de ûnderwerpen ‘in gaadlik skriuwplak’ en ‘skriuwkursus’.
Fansels binne der ek de fêste skribinten Skermer (kollum) en Jouke Hylkema (ferhaal).
Koosje Melis is der ek mei har kollum. Se moast achter har freon oan in berch op.
Op dizze Farsk ek de twadde ôflevering fan it Midsieuske toanielstik Waatze Gribberts brulloft. Foar de earste ôflevering kin socht wurde ûnder de rubryk auteurs by Eric Hoekstra, dy’t de tekst nei de hjoeddeiske stavering oerbrocht hat. Foar it gemak stiet Hoekstra syn ynlieding der hieltyd op ‘en nij by.… Lês fierder

Piter Boersma

Abe syn missy

logo.ensafh

(Ek yn Hjir, nr. 4)

‘Zoals ik hier heb geprobeerd aan te geven, bestaat de intrinsieke waarde, de eigenheid zo men wil, van de Friese poëzie daarin, dat zij oplossingen zoekt voor de oppostities tussen traditie en experiment, tussen volkstaal en literaire taal.’ Abe de Vries skriuwt it yn ’e ynlieding fan syn twatalige, yn it foarste plak foar de Nederlânsktalige merk ornearre blomlêzing Het goud op de weg – De Friese poëzie sinds 1880.
Op himsels komt it ferlet om de eigenheid fan ’e Fryske poëzy oan te jaan fansels wei út it idee dat foar it skriuwen fan poëzy yn it Frysk en it oer de grins bringen dêrfan in legitimaasje nedich is en dat dy fûn wurde moat yn hoe’t dy poëzy him ûnderskiedt fan de Nederlânske.… Lês fierder