Eric Hoekstra

Earste lesbyske boek yn it Frysk

logo.ensafh

(De troch de auteur ynstjoerde tekst hat earst ien dei op de webside www.liwwarders.nl stien. Hy wurdt hjir nochris publisearre om’t it de muoite wurdich is om him wat langer beskikber te hawwen.)

Primeur – Earste Lesbyske boek yn it Frysk “In Jikselibben”.
In feestlike middei healwei Stiens en St.Anne op snein 21 septimber 2008

‘Hoi,’ sei se, ‘dêr wie ik al.’
‘Hoi,’ sei ik, ‘dat sjoch ik.’
(Ut it ferhaal ‘Hoe’t it wêze soe’.)

Neffens my ha wy yn de Fryske literatuer wer in primeur. It earste lesbyske boek komt út. No goed, net oerdriuwe, it is gewoan literatuer dêr’t lesbjennisme is rol yn spilet, sûnder dat der sprake is fan erotyske oanfiterlektuer of ferlykbere ûnderbúkse multerchjes.… Lês fierder

Eric Hoekstra

Kening Kees en prepostmoderne sjenreopfettings

logo.ensafh


‘Mar hallo, sei er tsjin himsels, hy wie mei in metafysysk eksperimint dwaande, efkes de kop derby graach.’ (57)

It bart fansels net alle dagen dat in wichtich literêr wurk oan my opdroegen wurdt. Namste nofliker wie it my doe’t ik blêdzjend yn in treflik foarmjûn boek troffen waard troch de opdracht: ‘Dizze útjefte is ta stân kommen mei stipe fan de provinsje Fryslân’. Eh? Och nee, ik fersinde my efkes. Ik bedoel fansels de oare opdracht: ‘Foar Eric Hoekstra, dy’t my op it idee brocht.’

Ja, doe skimere my ek wol wer de e-mail mei it fersyk fan de literator C.… Lês fierder

Piter Boersma

Foaropwurd 121

logo.ensafh

Wy moatte ús ferûntskuldigje foar in skavankje oan ’e foarige ôflevering. Yn ‘e ynhâldsopjefte stie ‘Waatze Gribberts Brulloft 1’. By oanklikken ferskynde de tekst lykwols net. De technyske flater koe doe net mear ferholpen wurde. mar op dizze edysje pleatse wy de earste ôflevering fan de troch Eric Hoekstra fan kommentaar foarsjoene, nei it Frysk fan hjoeddedei ta omstavere Midsieuske toanieltekst dêrom op ‘en nij. Nei dizze ôfleverinf folgje noch njoggen. Fermeitsje jo der de kommend moannen mei.

Anne Feddema syn dichtier streamt ek wer: ‘Mao, hoe giet it mei jo?’

Skermer lit set ljocht op Poetinlân.

Jouke Hylkema is yn it ferhaal ‘Moat kinne’op ’e kletter, hielendal yn Kenia, ûnderweis as er is nei B.… Lês fierder

Rieuwert Krol

In literatuer sûnder ein

logo.ensafh

By útjouwerij Venus binne twa moaie bondels ferskynd. Hoe binne de helten fallen en De kul oer it skouder. De earste giet oer de affêre Bauke de Jong en de twadde oer Quatrebras as nij tydskrift.

De skiednis fan de resepsje fan literatuer kinst hiel goed sjen litte oan ’e hân fan de kritiken sels. Kinst ek better sjen hoe’t dy grutte skriuwers eins tochten en foaral skreaunen oer nije ferskynsels. Faak docht dan spitichgenoch bliken dat de tinkkrêft fan de âlde skriuwers benêfter bliuwt.

Yn 1965 hat Bauke de Jong syn ferneamde artikel skreaun dêr’t er Folkertsma as antysemyt yn ûntmaskere of beskreaun hat.… Lês fierder

Piter Boersma

Foaropwurd 120

logo.ensafh

Mei fleanend findel ha wy de frije wiken achter ús litten en ús set ta in nije Farsk. Hjir is der, mei poëzy (fan de nije dichters Teije Idzardi en Hiltsje Jongsma) , kollums (fan Skermer en Jelma Knol), ferhalen (fan fêste man Jouke Hylkema en nei in hiel skoft wer fan Henk Wolf), in besprek fan ús fêste besprekker Rieuwert Krol en de Midfryske toanieltekst Waatze Gribberts Brulloft, troch Eric Hoekstra fan kommentaar foarsjoen en omstavere nei it Frysk fan hjoeddedei.… Lês fierder

Ydwine van der Veen

Joppe yn ierappellân

logo.ensafh

Joppe is de debútroman fan Hein Jaap Hilarides en ferskynd yn de rige Fryske Modernen. Lykas yn de roman Prospero fan Nyk de Vries, dy’t yn deselde rige útkaam, giet it oer it wjerfarren fan in jongeman dy’t in nije faze yn syn libben trochmakket.

De namme ‘Joppe’ wurdt yn ’e bibel brûkt as oersetting fan de namme Jaffa, in stêd yn Israël. It wurd ‘joppe’ wie yn de santiger jierren in neologisme yn de taal fan de jongerein. It betsjutte soks as te gek, cool, vet. Ik kin it wurd yn dy betsjutting lykwols net weromfine yn it wurdboek of op ynternet.… Lês fierder

Hidde Boersma

It geheim fan ’e smid – Hein Jaap Hilarides oer de driuw efter Joppe

logo.ensafh

It is fjouwer oere en ik moat noch in minút as tsien rinne fan Amsterdam Sintraal nei kafee ’t Molentje oan ’e Singel efter it Paleis op ’e Dam, dus ik kom te let.
Ut ’e fierte wei sjoch ik Hein Jaap al sitten op it terras.
‘Dou hast beld om te sêgen datst wat later waarst?’ freget Hein Jaap mei de tillefoan yn ’e hân. ‘Ik hoor ’m niet meer. Hy is fallen.’
Ik gean sitten en sjoch omheech.
‘De sinne is aanst fuort,’ sis ik, ‘miskien kinne we better oan ’e oare kant fan it wetter sitten gean.’
Oan ’e oare kant fan ’e brêge is ek in terraske en der is in taffeltsje frij.… Lês fierder