Abe de Vries

It deldrinken en it fuortspyljen

logo.ensafh
De útbuorrens fan Townes Van Zandt

Foar Anke en Gerrit

1.
De film set út ein mei bylden, út in auto wei opnommen, fan beammegrien lâns de dyk. In tillefoanstimme, in man, seit dat er dwaande is mei in nij nûmer. Hy seit de tekst, earder as dat er sjongt. Sa begjint Be Here To Love Me, de sfearfolle dokumintêre film út 2004 fan Margaret Brown oer de Texaanse troubadour Townes Van Zandt. Dat hast oplêzen fan de songtekst yn ’e iepeningssêne fêstiget it omtinken op de ferhâlding tusken tekst en muzyk.

Townes Van Zandt (1944-1997) hie — lykas útsprutsen muzikale dichters as Richard Hugo en Joseph Brodsky, dêr’t ik earder op Farsk oer skreau — in iepen ear foar sawol muzyk as de wearde en de spankrêft fan wurden.… Lês fierder

A.IJ. van den Berg

Hoe’t faktoaren fan bûten it boek de tekst bedjerre kinne

logo.ensafh

foarside fan de fryske útjefte

Koartlyn hat de Friese Pers Boekerij trije súksesrike Fryske romans yn it Nederlânsk útbrocht. En normaal soe Farsk hjir net safolle mei dwaan. Goed, it is grappich dat Nyk de Vries mei de oersetting fan Prospero wer in boek útbringt dat yn hast alle talen deselde titel hat. Mar Zwarte engelen fan Willem Schoorstra is hjir alris besprutsen, doe’t it boek noch Swarte ingels hjitte. Wat nijs is foar de rêst fan it lân, is dat hjir tafallich no ris in kear net.

Mar ik hie al in persoanlike reden om dochs De ladder | De Ljedder fan Koos Tiemersma besprekke te wollen.… Lês fierder

A.IJ. van den Berg

Hoe’t faktoaren fan bûten it boek de tekst bedjerre kinne

logo.ensafh

foarside fan de fryske útjefte

Koartlyn hat de Friese Pers Boekerij trije súksesrike Fryske romans yn it Nederlânsk útbrocht. En normaal soe Farsk hjir net safolle mei dwaan. Goed, it is grappich dat Nyk de Vries mei de oersetting fan Prospero wer in boek útbringt dat yn hast alle talen deselde titel hat. Mar Zwarte engelen fan Willem Schoorstra is hjir alris besprutsen, doe’t it boek noch Swarte ingels hjitte. Wat nijs is foar de rêst fan it lân, is dat hjir tafallich no ris in kear net.

Mar ik hie al in persoanlike reden om dochs De ladder | De Ljedder fan Koos Tiemersma besprekke te wollen.… Lês fierder

foaropwurd 105

logo.ensafh

foaropwurd

fan freed 7 desimber 2007

Sinteklaas is fuort, jo kinne wer efkes útblaze, want # 105 iepent dermei yn in moai loftich fers fan Meintsje Brouwer; har debút op Farsk.

Henk Liauckema syn fers Chantal bringt de loft ek poëtysk yn beweging, mar dan wer hiel oars.

Durk Linige docht ús oan mei syn fers by de betide dea fan syn leave dochter Cynthia, yn de Mid-Frysk Goud rige fan Eric Hoekstra.

Abe de Vries is oandien troch de muzyk, it libben en de fersen fan de yn 1997 ferstoarne dichter/sjonger Townes van Zandt. Yn syn essee – plus twa filmkes mei Townesmuzyk – ek Fryske oersettingen fan Townes-lieten troch Gerrit Breteler en Beorn Nijenhuis.… Lês fierder

Edwin de Groot

In poëtyske sjonger of oarsom?

logo.ensafh

Bennie Huisman – ‘It liet fan de lêste reis’ [3:38]
 
 
De Fryske sjonger en ferteller Bennie Huisman hat dit jier Hûs oan See útbrocht. Syn sechsde titel bestiet út in bondel mei gedichten en lietteksten en in CD mei foardrachten en lieten útfierd troch Huisman yn ’e mande mei Frederike Kleefstra en Corinne Staal. Huisman (60) is hikke en tein op it Hearrenfean en al in foech 25 jier warber as sjonger en ferteller, muzikant en skriuwer. As de gemiddelde Fries frege wurdt hokfoar artyst Huisman is, komme yn it antwurd grif mear as gemiddeld omskriuwingen fan de man foar mei termen as skippersfersen, shantykoaren en tradisjoneel.… Lês fierder

A.IJ. van den Berg

Skriuwen is in tekst yn alle ûnwissens mei de stream meijaan. As net?

logo.ensafh

De Portugeesk-Nederlânske auteur José Rentes de Carvalho skreau al yn 1999 yn syn deiboek dat er graach in eigen website ha woe. Sinjalen woe er der opsette, mei de yntinsje

waarmee men vroeger flessen in zee wierp

It soe noch jierren duorje, mar doe hie er in weblog. Spitigernôch is dat al yn it Portugeesk. Mar dêr giet it my no net om. Ik brûk dit foarbyld fan Rentes de Carvalho om oan te jaan dat it idee om flessen yn see te goaien oait in hiel brûkbere metafoar wie foar it idee wêrmei minsken wat op it wrâldwide web publisearren.… Lês fierder

Foaropwurd 104

logo.ensafh

foaropwurd 104

fan freed 23 novimber 2007

Dit is F-nûmer 104, in nij haadstik byskreaun yn it lange oersjoch fan Farsk-additiven, in list al hast like lang as de E-list dêr ’t Koosje Melis sa mei omrint. Kinne jo se, dy E-nûmers op de ferpakking fan wat jo ite?
Heare jo ek by it leger fan etiketlêzende zombie’s yn de supermerk? Dy lju dy’t -hoewol minder leven meitsjend- like ferfelend de wei nei jins favorite pizza blokkearje as de breedút kletsende kloften fan inoar treffende kunde yn ’e gongpaden? 
 
Binne jo faaks ek sa ferslaafd oan it witten-wat-jo-ite dat oaren der gek fan wurde?… Lês fierder